Zoek op inhoud

Tomke sil mei Romke en Kornelia op fakânsje. Op de foarkant fan it boek, skreaun troch Geartsje Douma, pronket de tinte dêr’t se yn kampearje sille.

Us bern, Bernou (3) en Jisse (1), fine it in prachtich boekje. Se wolle by it sjen fan de tinte ek hieltiid wer kampearje. De tekst út it boekje is hiel werkenber, de koffer moat ynpakt wurde, se sille mei de auto nei de camping. Foar ús wie dat dizze simmer itselde, mei de caravan der op út!

Tomke en Romke ûntdekke de tinte en de camping. Der is in boarterstún, mei in wip en in skommel. Bernou: ‘Die was ook op onze camping!’ Tomke en Romke stean as wiere piraten op it pirateskip. Ek dat komt Bernou bekend foar. ‘Die was ook bij ons in de grote speeltuin!’ Ja, dat wie ek sa, wy ha in dei nei Duinen Zathe yn Appelskea west en dêr leit sa’n selde skip.

Fansels yt it trijetal ek patat. Se hawwe in protte wille, sa is te sjen op de tekeningen, makke troch Luuk Klazenga. Nei it iten meie se nei de disko. Romke hat foaral in protte wille en docht gek. Jisse sjocht op de oare side al wat der bard is. ‘Die, au!’ seit er. Ja hear, Romke stroffelt oer in snoerke, de disko is oer… mar gelokkich is der in man dy’t it meitsje kin en net lilk wurdt op Romke. Bernou neamt dy man ‘de heit’, want har heit wurket by Disco Silver, dêr makket dy ek alles wat mei lûd en ljocht te meitsjen hat. Nei de disko is it tiid om op bêd te gean, dat giet op ’e camping krekt efkes oars as thús. Je moatte nei it toiletgebouke om je te waskjen, de tosken te poetsen en om nei it húske te gean. Tomke en Romke krûpe tegearre yn ’e sliepsek om te lústerjen nei it ferhaaltsje dat Kornelia foarlêst. En dan mar lekker sliepe! 

Bernou en Jisse nimme it boekje, neidat ik it foarlêzen ha, mei de tún yn. Se hawwe dêr in eigen boartershúske, tegearre sille se it boek noch hiel faak lêze.

Dit boekje is maklik om foar te lêzen, de yllustraasjes binne dúdlik, wat makket dat bern it ferhaal hieltiid better neifertelle kinne. In oanrieder foar elke pjut!

Skreaun troch Judith Hempel fan ’e Lemmer

 

‘Tomke op fakânsje’ is foar € 6,50 hjir online te bestellen.

-> Judith is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.