Yn de lêste heit&mem stiet Froukje-Berber út Berltsum noch mei har prachtige dikke búk. Hjirneist te sjen op de foto. Se wie dêr 23 wiken yn ferwachting fan har twadde berntsje. Yntusken is se op 23 april 2017, twa dagen nei de útrekkene datum befallen fan soan Mark Simon.
Wêr bist befallen?
“Ik bin yn it sikenhûs befallen. James, de kreamfersoarchster en de ferloskundige wiene der by. It fielde hearlik rêstich. Gjin susters en oare minsken dy’t yn en út rinne. De befalling gie hiel rap. Ik ha mar 13 minuten parse moatten en doe wie it jonkje der al. Mei Nick hie ik in swiere befalling dus dit hie ik net ferwachte. Ik haw hiel lang twivele oer in keizersneed mar dy ha op it lêste momint ôfbelle. En dêr bin ik no wol hiel bliid om. Ik fiel my folle better as nei Nick. Sawol lichaamlik as geastlik.”
Hoe befalt it om wer sa’n lytse poppe yn ‘e hûs te hawwen?
“Ik fyn it hiel leuk om wer mem te wêzen. Ik bin allinne net sa gek op lytse poppen. Haha. Ik fyn it leuker at se wat âlder binne. Mar dat komt fansels. Mark liket wat mear op my as lytse poppe. De kreamhelp wie super. Se hawwe earst belle at ik wol help út eigen doarp woe. Dat wie Petra en se wie fantastysk! Spitich dat se wer fuort moast. Mar ik haw in super man dy’t lytse poppen wol leuk fynt… Gelokkich mar. Haha. Mark sliepte lyk as Nick al nei 4 nachten troch. Dat wy binne best wol in bytsje bedoarn. Ik jou boarstfieding en dat giet goed, wit allinne net at it kolve sil op it wurk. Mar haw noch in pear wike om te beslissen.”
Wêrom ha jim foar de namme ‘Mark Simon’ keazen?
“Wy woene graach in koarte namme dy’t ynternasjonaal goed wurket sa’t de hiele famylje it útsprekke kin. Simon is ferneamd nei James syn heit. En dy koene wy net as earste dwaan want dan hiene wy in Nick en Simon… Nick is gek op Mark en wol him de hiele tiid tútsjes jaan, aaie en krûpe.”