De dochter fan Annemarie Taekema Bakker en Albert Bakker út Gerkeskleaster hjit fan Sinne en is op 14 maaie 2022 berne. Annemarie is sels ynterieurstylist, dat sy koe net wachtsje om fan it lege keammerke wat moais te meitsjen.
Annemarie en Albert binne beide gek op Laplân. Se meie graach reizgje en se fine it fijn om dêr yn de winter hinne te gean en te genietsjen fan de natuer en it bûtenlibben. Dus dat it wat mei Laplân en de natuer wurde moast, wie wol dúdlik. It begûn allegear mei it behang dat Annemarie seach op perron11.nl.
Annemarie: ‘It behang dat ik fûn wie in moaie basis, mar do kinst behang dêr ek op maat meitsje litte, dat wy ha it behang noch in bytsje oanpast. Wy ha it VW-buske oanpast yn in oare kleur en in Lavvu-tintsje mei in houtfjoer derop sette litten. Op de oare kant fan it keammerke ha wy behang útsocht mei elanden derop dy’t allegear krekt in bytsje faninoar ferskille.
De kommoade ha wy fan Marktplaats helle en de mossirkel, boppe de kommoade, dêr sit echt mos op. Mos suvert de lucht en it hellet it focht om te libjen út de omjouwing wei. Hoechst it dus eins gjin wetter te jaan. Sa’n sirkel is te krijen by moswens.nl.
It houten ledikantsje (net op de foto) hat noch fan mysels west fan froeger en komt út mynâlderlik hûs. Dêr komt Sinne aanst yn te lizzen. En it mozeskuorke ha wy sels kocht.
Wy ha it tema yn it hiele keammerke trochfierd. It flierkleedsje bygelyks komt echt út Laplân en is mei de hân makke. Natuerlike eleminten sjochst werom yn it hout fan de poddestuollen en it reid fan de hingstoel dêr’t ik somtiden hearlik even yn sit mei Sinne. Fan kollega-stylisten ha wy in lampke krigen yn de foarm fan in eland. Ek kieze wy bewust foar houten boartersguod.
De bernestoel is fan Pilat&Pilat en hat de namme “Lytse”.’
Ynterieurtips fan Annemarie
‘Ek al witst noch net oft it in jonkje of in famke wurde sil, it hoecht echt net altyd in neutrale keamer te wurden. It is hiel leuk om mei in tema en kleuren te wurkjen. Us tema kin ek noch prima at ús famke wat âlder is. Designmeubels kinst prima kombinearje mei guod fan Marktplaats of âldere produkten fan eartiids dêr’t in moai ferhaal oan fêstsit.’
Annemarie Taekema Bakker & Albert Bakker
Skriuwer: Dieuwke van der Meer
Foto: Hippe Kiek Fotografie
Ut:Lytse Heit&mem nr.10 2023