In tradysje dy’t oerwaaid is fanút Amearika en dy’tst ek yn Nederlân hieltyd faker tsjinkomst: de ‘babybrûs’! (babyshower)
In babybrûs stiet hielendal yn it teken fan de oansteande mem. It is in dei dat de oansteande mem noch efkes lekker bedoarn wurdt en yn it sintsje set wurdt troch har freondinnen. Mei syn allen herinneringen ophelje, leuke spultsjes dwaan en lekker ite en drinke. Ek wurde der faak praktyske kadootsjes jûn foar de poppe. Yn ’e regel binne der op sa’n dei allinne froulju oanwêzich. In babybrûs is meastal in ferrassing foar de oansteande mem en wurdt dêrom yn it geheim organisearre troch freondinnen.
In babybrûs wurdt meastal tusken wike 32 en wike 36 fan de swangerskip organisearre. De oansteande mem is dan noch reedlik mobyl en de kâns dat de poppe der al oankomt is noch net sa grut.
7 tips foar in bjusterbaarlike babybrûs!
1) Ferstjoer moaie eigenmakke útnûgingen (jou dêrby oan dat de babybrûs in ferrassing bliuwe moat foar de oansteande mem en freegje elkenien tagelyk om in lytse bydrage yn ’e kosten fan it feest).
2) Fersier de feestlokaasje, betink eventueel in tema.
3) Lit in moaie babybrûstaart meitsje.
4) Meitsje leuke blauwe en/of rôze traktaasjes. Tink dêrby oan soeskes, sûkelade, keekjes en koekjes.
5) Betink ûngefear trije babybrûs-spultsjes: bygelyks in wedstrydsje blyn pampers ferskjinjen, bertedatum rieden of babyfieding priuwen. Op it ynternet is wat dat oangiet fansels ek fan alles te finen.
6) Jou praktyske kado’s, lykas kadobonnen, ruften, boeken foar de mem en/of de poppe en babyklean. Sjoch hjir foar in babybrûs-kado top 10!
7) Meitsje in orizjineel gasteboek, troch bygelyks elk wat op in papieren romperke skriuwe te litten.
Boekentip: