Wat in ferrassing by de post, it Tûzen wurden-boek. In ‘gouwe ouwe’. As famke haw ik dit boek eartiids ek faak lêzen/besjoen: earst sels, doe mei myn broerkes en letter mei myn oppasberntsjes.
Dat it boek no, alwer in generaasje letter, noch hieltyd opnij drukt wurdt, seit wol wat oer hoe’t it ta de ferbylding sprekt.
Bern sykje harren eigen dingen út. Yn ús gefal binne dat foaral de bisten yn it boek. Sanne (fan krekt twa) is hielendal mâl mei bisten: grut, lyts, nuet of wyld. Op dit stuit binne fûgels, einen en katten topfavoryt. Se speurt de bledsiden ôf, op syk nei har bisteboel.
Ek de side mei plaatsjes oer de supermerk kin har bekoare: ‘Kar, kar’, ropt se. Se beneamt de saken dy’t se ken en praat my fierder sa goed mooglik nei. As jongste fan trije is se lang fier kommen mei ‘die, die’ en at ik har fergelykje mei har broers, dan is se wat letter mei praten: de needsaak wie der gewoanwei noch net. Dit boek is in moaie boartlike yngong om te oefenjen en tegearre in gesprekje te fieren: wa hat noch mear in kat? Wêr swimme de eintsjes? Wêr hingje de slingers? Se fynt it machtich ynteressant en ‘kletst’ op har eigen wize gesellich mei.
De broers (fan fjouwer en seis jier) dogge ek mei, en binne foaral op syk nei it pykje 🙂
Mar ek foar harren twataligens kin dit bot helpe. Want hoe’t wy ek Frysk prate… De jonges prate fan jongs ôf oan Hollânsk werom. Wy bliuwe it besykjen en dit boek is foar ús allegear in moai middel.
Sytske Gietema út it Hearrenfean
‘Tûzen wurden’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.
-> Sytske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.