‘It deiboek’ is in (foar in part op wierheid basearre) twatalige roman foar bern fan 10 jier en âlder, skreaun troch Janny van der Molen. It is in ferhaal yn in ferhaal en it spilet him sawol yn it ferline ôf as yn it no. It boek fertelt oer Geartsje en Niels, elk mei harren eigen ferhaal yn harren eigen tiid.
Yn de tiid dat Geartsje libbe, sa’n 125 jier lyn, hiene in soad arbeiders in swier libben. De sosjalisten kamen yn ferset ûnder lieding fan ûnder oaren Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra, mar ek fan famkes en froulju, sa as bygelyks Wilhelmina Drucker. Ek Geartsje Kleefstra, in famke út Reduzum, liet sa fan har heare. Dat gie net fansels en dochs die se dat, mei alle gefolgen dy’t dêrby hearden. Niels libbet yn in hiel oare tiid, wennet yn in fijn hûs, hat freonen en komt neat tekoart. Dochs kinst dy dan ek iensum fiele. De hiel ferskillende wrâlden fan Geartsje en Niels komme yn dit boek byinoar. Uteinlik wurdt it in syktocht nei de skiednis fan Geartsje oan ’e hân fan it deiboek fan Jehannes de Groot en in skilderij…
Cheyenne de Vries (11) hat it boek ek lêzen, tegearre mei har mem Aaltsje. “We fûnen it allebeide in moai boek. We liezen in haadstik per kear. Ik fûn it noch best hiel lestich om de Fryske stikken sels te lêzen, dus dy hat sy foarlêzen. Yn it begjin moast ik efkes wenne oan it boek, mar it waard hieltyd spannender! Ik fûn it leuk dat it yn it Frysk en Nederlânsk skreaun wie en dat it eins twa ferhalen wiene dy’t dochs byinoar hearden. It wie wol in bytsje tryst hoe’t it mei Geartsje ôfrûn is. Foar Niels wie dat gelokkich better!”
De skiednis en it no komme op in hiel moaie manier byinoar.
‘It deiboek’ is in boek oer freonskip, nea opjaan, dyn stim heare litte en inoar helpe. Troch it hinne en wer gean yn ’e tiid en it moai klopjende ferhaal mei spanning deryn is it in prachtich boek om sels te lêzen of foar te lêzen. De skiednis en it no komme op in hiel moaie manier byinoar. Tsjintwurdich ferskine der hieltyd mear boeken oer famkes en froulju dy’t in ferskil makke ha yn ’e wrâld. Dit boek past dêr wat my oanbelanget prima tusken. En asto oan ’e ein fan in boek pikefel krigest, dan witst it, dan hast in moai boek lêzen!
Reina Kroodsma út Nij Beets
It boek ‘It deiboek’ is foar € 16,50 hjir online te bestellen.
-> Reina is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.