Zoek op inhoud

‘Hee Bernou, de postrinner hat wat moais brocht, moatst hjir ris sjen!’ Bernou (2) komt krekt thús út it bernedeiferbliuw, lûkt hastich de jas út en makket de slúf iepen. ‘Owh, een haan’, ropt se. Hepke de hoanne pronket op de foarside fan it boek ‘Wekker wurde!’, skreaun troch Jonny Lambert. ‘Ga je mij voorlezen?’ freget se fuortdaliks.

We sykje in plakje op ’e bank. Hepke de hoanne wennet op de buorkerij en is moarns yn ’t spier om elk dy’t op de buorkerij wennet wekker te meitsjen. Mei in lûd  ‘Ku-ke-le-kuu!’ wurdt elk bist wekker makke. Watfoar bist at dat is, is in ferrassing, want de bisten ferskûlje har achter in flapke. Bernou is nijsgjirrich nei hokker bist der wekker makke wurdt. ‘Ku-ke-le-kuu!’ komt hieltiid wer werom, en al gau nimt Bernou dy tekst fan my oer. Dat makket ek har broerke Jisse (11 moanne) nijsgjirrich. Hy wol ek efkes by ús op de bank komme.

 

‘Ku-ke-le-kuu!’ komt hieltiid wer werom, en al gau nimt Bernou dy tekst fan my oer.

Neidat wy it boek in oantal kearen lêzen hawwe, besiket Bernou it boek sels foar te lêzen oan har lytse broerke. Troch de pop-up flapkes kin ús pjut it ferhaal goed ûnthâlde en neifertelle. Se makket der somstiden ek in hiel eigen ferzje fan. Moai om te hearren. Ek fertelt se oan him hokker bisten helpe om de oaren wekker te meitsjen. Op de lêste side fynt Bernou it dreech om te ûnthâlden hoe’t de frou op ’e trekker hjit. Hieltiid freget se: ‘Mem, hoe heet deze?’ ‘Dat is Boerinne Femke, dy rydt op ’e trekker.’

Jisse fynt foaral it iepen- en tichtdwaan fan de flapkes moai om te dwaan. Dat giet wolris wat rûch. Bernou is bang dat hy it boek stikkenmakket, dus komt se mei it idee om it boek op har keammerke in plakje te jaan. Dat dogge we, by alle oare boeken dy’t se no wol ‘sels’ lêze kin.

Judith Hempel fan ’e Lemmer

 

It boek ‘Wekker wurde!’ is foar € 12,50 hjir online te bestellen.

-> Judith is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.