Zoek op inhoud

Op sneontemoarn wurdt it boek al betiid besoarge. Us bern binne 7, 5 en 1 jier âld en fine lêzen prachtich. Se hingje dan ek boppe de slúf as wie it in grut kado. Machtich om te sjen!

Wat de bern gelyk opfalt, binne de moaie kleuren en alle ferskate tekeningen op de foarkant. Tessa fan 5 seit gelyk: ‘Ik sjoch elke kear wer wat oars’, en sa is it ek echt! De details fan de opdruk meitsje dat de bern al in hiel skoft mei de bûtenkant fan it boek dwaande binne.  

De sneins reint en waait it bûten hurd en hawwe wy de tiid om it boek te lêzen en fierder te besjen.

De boeken dy’t we hawwe, wurde by ús letterlik kapotlêzen. Grut foardiel fan dit boek is dat de siden fan karton binne. Dat giet net samar kapot! Esmee fan 1 wol alles sels dwaan en mei de dikkere siden slagget har dat ek.

 

Martijn fan 7 makket rekkensommen fan de fûgels en fisken.

Ik fyn eins dat it boek foar alle trije hiel geschikt is. Esmee is 1 jier âld en sjocht har de eagen út mei alle tekeningen en ûntdekt alle kearen wat nijs op elke side fan it boek. Se wol de parren by nûmer 7 opite en docht de gelûden fan de bisten nei. Tessa fan 5 telt alles nei en seit hieltyd dat alles kloppet en se sjocht nei elk detail, bygelyks by de fisken dy’t net itselde binne en der soms nuver útsjogge. Dêrneist kiest se de rôze auto út foar at se letter grut is en wol se dat we ús hûs rôs skilderje, krekt sa as yn it boek. Martijn fan 7 makket rekkensommen fan de fûgels en fisken en besiket syn suskes foar te lêzen yn it Frysk.

Jûns op bêd freget Tessa oan my oft der echt piratefisken bestean… Prachtich!

 

Jeltje Reitsma
Mem fan Martijn (7), Tessa (5) en Esmee (1)

 

It boek ‘Ik tel oant 100’ is foar € 12,95 hjir online te bestellen.

-> Jeltje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.