Wannear’t ik Anton yn it museum oan Arne (3 jier) foarlês, falt my fuort it kontrast fan dit boek op. De earste siden binne griis en grau. Se litte sjen hoe saai oft it bestean foar guon wêze kin, mei in saai hûs en saai wurk op in saai kantoar. Mar it libben fan Anton – en de siden fan dit boek – krije hieltyd mear kleur.
Ynspirearre troch in prachtich skilderij yn it museum, begjint Anton syn eigen fûlrôze keunst te meitsjen. In kleur dêr’t saaie Anton net iens fan wist dat it bestie. Op de lêste siden spat it fûlrôze fan de siden ôf.
Arne (3 jier) wol Anton yn it museum kear op kear lêze. Heit en mem hawwe it yn in pear dagen tiid dochs al in kear of acht foarlêzen. Troch dat rôze, tocht ik, want dat is op it stuit Arnes favorite kleur. Mar as ik him freegje wat er fan it boek fynt, jout hy in ferrassend antwurd: “It fûgeltsje út it skilderij wie earst fertrietlik. Mar doe makke Anton wat. Dat wie giel en doe rôze en doe kaam it yn it museum.” Foar Arne is it dus mear as allinnich de moaie kleuren. Hy krijt al wat fan it boadskip út dit boek mei: fan keunst wurdt men bliid.
Anton yn it museum is in boek foar bern, mar in ferhaal foar folwoeksenen. It lit sjen wat de krêft fan keunst is. Hoe’t it kleur oan it libben jaan kin en bliid makket. En hoe’t it ynspirearje kin ta it meitsjen fan mear keunst om sa wêr oaren bliid te meitsjen en te ynspirearjen.
It boek sels ynspirearret ek: de moaie foarmen fan de keunstwurken dy’t Anton makket, nûgje grutte broer Seppe (6 jier) út om ek te knutseljen, foarmen te knippen en te kleurjen.
En foar wa’t gjin nocht hat oan djippere boadskippen: Anton yn it museum is ek gewoan in aardich boek. Prachtige tekeningen en de tekst is lekker te lêzen. It boek stiet fol aardige details. Anton dy’t op syn wurk in paperclipketting makket en Post-its brûkt foar syn keunstprojekt. Mar it moaiste detail fyn ik de fûlrôze skuon dy’t oan de ein fan it boek oan syn fuotten pronkje. Anton is transformearre fan in grize mûs nei in keunstsinnige, kleurrike man.
Mirjam van Houten hat in wier keunststikje makke.
Irene Klompmakker
-> Irene is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Resinsje Stip yne brânspuitauto troch Hermien
“Stip yn ’e brânspuitauto” is in berneboek, skreaun troch Eric Hill. It ferhaal folget Stip, de jonge hûn. Stip wol krekt as syn pake brânwacht wurde. It boek nimt de jonge lêzers mei op aventoer. It ferhaal giet oer de aksjes fan de brânwacht. De kleurige yllustraasjes bringe de personaazjes ta libben en meitsje it ferhaal tagonklik en oantreklik foar bern.

Boekresinsje ‘Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse’ troch Marie
It boek Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse giet oer in bear, neamd Sibbedeus, dy’t in pakje krijt mei de post fan iene Wisse. Sibbedeus hat gjin idee wa’t dy Wisse is, mar is wol nijsgjirrich en pakt it út. Yn it pakje sit it spultsje Gânzeboerd, mar dan foar ien persoan.