Zoek op inhoud

Ik wenje no op Sint Maarten, mar ik kom oarspronklik fan De Pomp. Jierrenlang haw ik as keatster aktyf west op de Fryske fjilden – dat wie in prachtige tiid mei moaie suksessen.

Nei it winnen fan de PC yn 2012 wiene myn ‘4 wimpels’ kompleet, dêrnei bin ik ophâlden mei keatsen. Dêrtroch koe ik yn de simmerfakânsjes hiele moaie reizen meitsje en is myn leafde foar it reizgjen allinnich mar grutter wurden.  

Ik bin gewoanwei wurksum as Docent Lichamelijke Opvoeding – mar dit skoaljier bin ik mei ûnbetelle ferlof, sadat ik mear tiid mei ús bern trochbringe kin. Ek meitsje we dit jier wat gruttere reizen bûten de skoalfakânsjes om, nei Perû, Sily, Kanada, Argentinië en Yslân. Wy einigje mei in langere perioade yn Nederlân – sadat wy freonen en famylje besykje kinne. Ek fyn ik it leuk om dan belutsen te wêzen by it keatsen: sels in baltsje slaan en fansels nei de PC! Ek Abel en de bern binne graach op it keatsfjild yn Ie: om te sjen, mar ek om sels efkes mei de bal dwaande te wêzen.  

Hoe bisto op Sint Maarten bedarre? 

Fan 2013 oant 2016 wie ik wurksum as dosint LO op it Carmel College yn Emmen. Fia in Fryske kollega hearde ik dat der in fakatuere wie op it Milton Peters College op Sint Maarten. Myn âld-kollega en har man hiene begjin 2000 trije jier op Sint Maarten wenne en dat wie harren goed befallen. Se tocht dat it ek wol wat foar my wêze soe ‒ sadwaande haw ik sollisitearre en de baan krigen. Yn july 2016 bin ik fuortgien. Yn datselde skoaljier haw ik Abel moete. De bern binne op Sint Maarten berne en Abel en ik binne hjir ferline jier troud. Wy wenje hjir noch altyd mei in soad wille – nettsjinsteande dat wy famylje/freonen misse. 

Hokker taal/talen prate jimme thús? 

Op Sint Maarten praat ik Frysk mei de bern (memmetaal). Underling prate sy ek Frysk. Dêr bin ik bêst wol grutsk op en ik hoopje dat dat sa bliuwt! Abel en ik prate ûnderinoar Nederlânsk (de bern neame dat ‘heitytaal’). Op skoalle krije ús jonges les yn it Ingelsk (de bern neame dat ‘skoalletaal’). 

Nederlânsktalige boeken set ik oer nei it Frysk, ik lês dus altyd yn it Frysk foar. Ek hawwe wy no bêst wat Fryske boekjes sammele ‒ Abel docht ek wolris syn bêst om yn it Frysk foar te lêzen (hy wurdt gauris troch Yme oansprutsen op syn útspraak: ‘neehee heit, dat seist sa’ ‒ haha!). 

Hoe belangryk is de Fryske taal foar dy? 

Hiel belangryk. Ik fiel my yn it foarste plak Frysk. Dat wol ik graach oerbringe op de bern. 

We witte net wat de takomst bringt en wêr’t we úteinlik noch mear wenje sille, mar ik fyn it fantastysk dat se Frysk ferstean en prate kinne. As wy mei Fryske famylje en freonen prate, dan babbelje se lekker mei ‒ geweldich, dochs? Ik kin elkenien oanriede om Frysk te praten mei dyn bern ast sels ek Frysk praatst. As ik yn de Afûkwinkel bin, dan krij ik altyd alle ferzjes fan it heit&mem-tydskrift fan datselde jier mei. Op Sint Maarten lês ik se dan út: in bytsje Fryslân yn de Caribbean! 

Namme: Aukje van Kuiken (35) 
Wennet op: Sint Maarten 
Oarspronklik fan: De Pomp 

Mei: Abel Knottnerus (hikke en tein yn Grins), Yme (4) en Syb (2) 

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer it analysearjen fan bernetekeningen, it Berne Iepenloftspul, oer jong mem wurde, foto’s fan bern en bisten, de nijste berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine
cover