Zoek op inhoud

Dit prachtich yllustrearre boek is de nije favoryt fan ús beide jonges! Sûnt we it boek ha, wurdt it alle dagen meardere kearen lêzen.
It is sels sa yn trek dat sadree’t der ien op besite komt, dy ek strikt wurdt om foar te lêzen!

It ferhaal fertelt fan in grutte brune bear dy’t op ’e romte wennet. Dat past him krekt, hearlik rêstich! Mar dan… In kninefamylje bout syn hûs lyk neist dat fan him. De klierige kninen komme bear om it hurtsje lestich fallen mei harren fragen. Oft hy harren ek helpe wol, oft se wat liene meie, oft hy ek mei harren mei wol…

Bear wol net en wurdt hieltyd grimmitiger, oant er sels raast dat de kninen him mei rêst litte moatte! De kninen lykje dêrnei te lústerjen, oant der op in dei wer oankloppe wurdt. Gjin knyn te bekennen, mar wol in koer, fol mei lekkers en leuks; en mei in briefke.

Bear ûntdekt dy deis dat er dochs wol allinne is en beslút dan wat te dwaan dat er noch noait earder dien hat… In skitterjend ferhaal oer freonskip.

Hoe langer at jo sjogge, hoe mear at jo ûntdekke.

Us âldste (krekt fjouwer) fernuveret him deroer dat bear hieltyd wat oars fertelt as de werklikheid. Fol ferwûndering ropt er dan ek út: “Mar mem! Hy hat ommers in hiele protte hunning!” Us jongste (krekt twa) fynt it skitterjend om alle kearen at de kninen by bear oan de doar steane ek ‘oan te klopjen’ op it kaft. Tegearre genietsje se fan de opbouwende spanning by bear, dy’t hieltyd lulker wurdt. Soe it allegear wol goed komme?

 

 

De yllustraasjes yn it boek meitsje it hielendal ôf. Der is in hiel soad te sjen, sûnder dat de siden te drok binne. Hoe langer at jo sjogge, hoe mear at jo ûntdekke. En dat begjint al by de binnenkant fan it kaft!

Sita Hietkamp-Sangers, Kollumersweach
Mem fan Wiebren (4) en Sipke (2)
Sljocht fan boeken, (foar)lêze en taal yn it algemien

 

It boek ‘Buorman Brombear’ is foar € 13,50 hjir online te bestellen.

-> Sita is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.