Namme: Rinske Rijpma
Berne: 29 maart 1942
Wenplak: Gytsjerk
Betsjutting Rinske: raadgever
‘Ik wit noch goed doe’t wy de jongste dope lieten. De dûmny sei doe: “Daar komen de vier Rinskes binnen”. Dat die my doe wol wat, ik wie sa grutsk. Ik bin ferneamd nei ús beppe Rinske. Myn man en ik hawwe fjouwer bern krigen, werûnder trije dochters dy’t elk allegear in Rinske krigen ha.
De earste Rinske (no 29 jier, wennet yn Oentsjerk) is op myn jierdei berne, dat wie sa bysûnder. Dat koe net moaier. Ek hiel spesjaal dat ik ferneamd waard. De jongste Rinske (no 11 jier, wennen yn Gytsjerk) is op 31 maart berne, op de jierdei fan myn beppe Rinske. En it moaie is, de oare Rinske (28 jier, wennet yn it Hearrenfean) is op 1 maart berne. Dus alle fit Rinskes yn de familie binne yn maart berne. Hoe is it dochs mooglik net?
Echt ferwarrend is it net, al dy Rinskes. Wy binne it sa wend. Myn skoanmem hjitte fan Jeltsje en dy hie wol sân beppesizzers dy’t Jeltsje hjitten. En myn eigen mem hjit Aafke en dy is ek seis kear ferneamd.
Sels fyn ik Rinske in prachtige Fryske namme. Ik bin der wol wiis mei. Guon neame my Rennie, mar sa hjit ik fansels net, ik hjit gewoan Rinske.
Al ús beppesizzers sjogge wy regelmjittich. Se binne allegear sûn en dêr bin ik hiel tankber foar. Ik bin ek hiel grutsk op al myn beppesizzers én oerbeppesizzers. It binne allegear poppen.’
Troch: Dieuwke van der Meer