Zoek op inhoud

‘Myn gouden boekje oer it Waad’ is in boekje út de rige Gouden Boekjes oer it Nederlânske UNESCO-wrâlderfgoed: gebieten, bouwurken en natoer. Al op de boat begjint de reis oer en rûn it Waad. Op it strân fan it eilân komt fan alles foarby, lykas bisten, natoer, skiednis en miljeu. Dêrnei belânest yn it Waadmuseum, krekt foardat de boat wer werom fart nei it fêste lân.

Om’t wy ien fan de provinsjes binne dy’t oan de Waadsee grinzet, is it moai dat dit boekje no ek oerset is yn ús memmetaal, it Frysk. It is wichtich dat bern witte wat de Waadsee sa unyk makket en wat dêr allegear libbet. Dat it sa ticht by ús leit, is werom te sjen op de oersjochkaart op de earste side fan it boekje.

It boek is op in ynformative en beskriuwende wize opset, wêrtroch it geskikt is foar bern fan sân jier en âlder dy’t op in tagonklike wize alles witte wolle oer it Waad. De fleurige en fraaie yllustraasjes stypje it ferhaal. Op hast elke side wurde fragen oan de bern steld, wat it boek ynteraktyf makket en de bern oan it tinken set.

Ek it miljeu komt op ferskate siden op in luchtige wize oan bod. Sa wurdt ûnder oare omtinken jûn oan de fiedselstring fan bisten, oanspielde (plestik) ôffal op it strân en de beskerming fan de Waadsee yn de takomst.

Giest in dei nei ien fan de eilannen of nei it strân, dan kinst it boekje ek as neislachwurk brûke, om’t der in soad ynformaasje yn stiet.

Al mei al is it in edukatyf boekje foar skoalbern, mei stipe fan fragen en yllustraasjes. It is moai dat UNESCO-wrâlderfgoed lykas de Waadsee mei berneboeken op ’e kaart set wurdt, mar it Waad mei eigen eagen belibje bliuwt fansels it aldermoaiste! Wannear giesto?

Fardau de Boer, Rottum


Tip! Foar jongere wrâldûntdekkers kin it te lang en te dreech wêze, mar derfoar is it boek ‘Klút en Mients’ in moaie útkomst. Yn dit boek binne twa fûgels de haadpersoanages en belibje fan alles op it waad.

it waad

De recensie van Patricia: It Waad

Als echte Waddenliefhebbers waren we meteen ontzettend blij toen we dit Friese kinderboekje over de Waddenzee in handen kregen. Dat begon al bij de omslag: heerlijk kleurrijk en voor ons een feest van herkenning. De lepelaar en de vuurtoren zorgen direct voor een vrolijke en aansprekende binnenkomer.

Resinsje fan Thominde: Klút & Mients

As sliepen in nachtmerje wurdt

Meertalig opgroeien gaat niet vanzelf

Marinella Orioni komt uit Nederland, woont al jaren in Parijs en voedt haar twee kinderen drietalig op. Drie talen inderdaad! Waarom heeft ze hiervoor gekozen? En hoe gaat dat in de praktijk, meertalig opvoeden? Marinella schreef er al eerder een boek over en komt nu met een nieuw boek: ‘Het meertalige kind. Een eerste kennismaking’.