Resinsje Achlum Nobusco en de monsternimmers troch Olga
Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hy wennet al trettjin jier yn ’e skieppeskuorre ûnder oan ’e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal.
Titel: Achlum Nobusco en de monsternimmers
Skriuwer: Eppie Dam
Yllustraasjes: Ingrid van der Kallen
Dat is foar Mark en Nina wol oars, sy meie fan harren âlders ek net yn ’e buert fan Achlum komme, mar dêr lûke se harren op in dei neat mear fan oan.
Se helje wetter út ’e see foar yn it laboratoarium fan Mark en reitsje dan mei Achlum oan ’e praat.
Hy fertelt oer it skip dat er oan it bouwen is. De bern binne hielendal ûnder de yndruk fan syn plan om op reis te gean nei it Nije Lân.
As it skip klear is, gean Mark en Nina stikem mei Achlum mei op reis, se bedarje midden op see.
Dêr belibje se mei Achlum in prachtich aventoer, oant harren mem ûntdekt dat se de fûgelskriften net meinaam ha nei it kamp fan de fûgelwacht.
Se wurde opspoard troch Kleefstra fan de resjerzje. Se wolle eins net wer werom nei it fêstelân, mar yn it lêst fan it boek seit Achlum dat se wol weromgean moatte en dat se feroarje moatte, se moatte der wer in goede ierde fan meitsje en oan elkenien fertelle dat se better op de wrâld passe moatte.
Mei dy wurden nimme se ôfskied fan Achlum en gean mei de helikopter werom nei de bewenne wrâld. Op nei in Nije ierde.
In moai boek om te lêzen, net te dreech taalgebrûk, koarte haadstikken mei moaie tekeningen. It lettertype hie om my wol krekt wat grutter mochten.
Seker in oanrieder, spannend mar net te eng, troch de koarte haadstikken is it ek maklik om it boek efkes oan ’e kant te lizzen en wat oars te dwaan. Je sitte samar wer yn it ferhaal.
In moai wurd út it boek is snurkpûden, wat in oar wurd blykt te wêzen foar sliepsek.
Troch: Olga Schuiling
Achlum Nobusco en de monsternimmers
Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hij wennet al trettjin jier yn ’e skieppeskuorre ûnder oan ’e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal. Bern dy’t oer him dreame, wurde gûlend wekker.
Dat jildt net foar Mark en Nina van der Vliet. Dy ha noait bang foar Achlum west. As se op in middei wettermonsters nimme út ’e see, meitsje se kennis mei Achlum. Se fine him aardich en sjogge dat er sachte brune eagen hat, as fan in hiel leaf dier. Se ferjitte dat se eins net mei him prate meie en gean mei nei de skuorre. Dêr fertelt Achlum dat er op in eigenmakke skip nei it Nije Lân ta sil.
Fan dy tiid ôf ha Mark en Nina noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. Mar hoe fertelle se dat thús? Wat dogge se as Achlum har net mei ha wol? En dat Nije Lân – wêr leit dat eins? Wêrom is it nergens yn in atlas of op in kaart te finen? Bestiet it wol? En asto dêr ienkear bist, kinst dan noch werom?