Zoek op inhoud

Resinsje Joazefine yn ’e rein troch Anke

Nei in prachtige simmer kinst derop wachtsje… De bledsjes wurde read en giel en falle fan de beam. It wurdt frisser bûten, de lange broek moat wer oan en sit o sa strak. Jûns wurdt it betider tsjuster: ‘Is it no al tiid om op bêd?’ En… der komme wer reindagen…

Dêr moatte wy thús altyd wat oan wenne. Je fiele je wat treurich en tinke weemoedich werom oan dy noflike simmer. Mar gelokkich lit Joazefine ús sjen dat je yn ’e rein ek in protte wille ha kinne!

‘Joazefine yn ’e rein’, skreaun en yllustrearre troch Alexander Steffensmeier, giet oer sa’n dei dy’t mei moai waar begjint, mar al gau begjint it te reinen en dat hâldt mar net op. De boerinne hie in speurtocht tasein mei in moaie ferrassing oan ’e ein: in túnfeest by de postboade. Mar no kin de speurtocht net trochgean. Alle bisten ferfele har ferskriklik. Gelokkich krijt Joazefine in idee. In speurtocht kin fansels ek yn ’e hûs! Mei har sturt en wat ferve set Joazefine de speurtocht út. Troch de sliepkeamer, de badkeamer, de keuken. As de bisten tinke oan de ferrassing oan ’e ein wurde se hieltyd entûsjaster! Wat soe de ferrassing wêze?

De earste pear kear dat wy it boek lêze, liket it ferhaal fan wat minder belang as de prachtige yllustraasjes. Op de tekeningen is safolle te sjen en se sitte fol humor. Benammen by de hinnen mei harren pykjes binne Sybrich en Meinte slop fan ’t laitsjen. Dy hinnen fine meielkoar fan alles út!

Uteinlik bringt de speurtocht de bisten nei bûten. Wyld entûsjast stowe se de hûs út. Mei tekkens, reinjassen, paraplu’s en in gatsjepanne op ’e kop drave se troch de rein en stampe yn ’e plassen. It plezier fan de bisten spat derôf!

Joazefine skilderet stikem mear pylken en wol mei in moaie ferrassing in ein breidzje oan de speurtocht. Mar de spannende eamelerbult of de hearlike hynsteblompôle is foar de oare bisten net genôch. Dan belje se, fol ferwachting, oan by de postboade, dy’t treurich op ’e bank sit te balen om’t it túnfeest net trochgean koe. Gelokkich is dêr de boerinne, sy bringt de speurtocht ta in goed ein. In badjasfeest yn ’e waarme pleats!

‘Joazefine yn ’e rein’ is in oanrieder foar de kommende hjerst. It is in moai boek om te besjen ûnder in waarm kleedsje op ’e bank. It set dy derta oan om in feestje te meitsjen fan de hjerstige reindagen! Reinpak oan, nei bûten ta en stampe yn ’e plassen! En dêrnei mei poeiermolke op ’e bank… yn ’e badjas!

Anke Dijkstra, mem fan Sybrich (7) en Meinte (5).

Joazefine yn ’e rein

Dat it no krekt hjoed sok min waar wêze moat … O nee, dat kin toch net? Joazefine hie krekt sa’n sin oan de speurtocht. Mar no reint it dat it spielt en sy en har freonen sitte har binnen te ferfelen. Of toch net? Net mei Joazefine! Dy kriget in geweldich idee en sa begjint in spannende speurtocht troch it hûs.

En bûten is it ek sa slim noch net. Troch de plassen stampe is leuk! Dweiltrochwiet steane se by de postboade foar de doar. Mar oft dy de hiele wiete bisteboel deryn lit?

De resinsje fan Klaske: Joazefine fiert fakânsje

Wat sit dêr yn de brievebus? In kadootsje! En wat is der no moaier as wannear’t dat kadootsje ek noch op je jierdei yn de bus sit. Joazefine fiert fakânsje, dat komt goed út, want wy fiere ek fakânsje op de pleats.

Lêstip fan Keimpe: Joazefine fiert fakânsje

In hearlik printeboek foar yn de simmer en de fakânsje-perioade!