Zoek op inhoud

Jaaa! In nij boek! Gau krûpe Jens en Eva tegearre yn it hoekje fan de bank. Earst mar ris trochblêdzje; it boek hat moaie printen mei moaie waarme kleuren en der binne kabouterkes! Mar gau foarlêze mem!

It ferhaal giet oer in omke, in wat bange en skrutele ûle. Omke moat in dei op syn omkesizzer passe, en hoewol’t dat him oangriist, mei syn neefke toch komme.

Boartersguod hat omke net en it neefke ferfeelt him dan ek al gau, hy wol op aventoer! Hoewol’t omke net goed doart, gean se dan toch nei bûten ta. Omke fynt it allegear mar niks en hoewol’t Eppy him bûten goed fermakket, giet it by omke allegear mis. Hy is op it lêst wiet en wurch, mar syn neefke wol noch lang net nei hús. Dan belânje se op in merke en gean se tegearre yn de achtbaan! Omke fynt it ferskriklik eng at hy de hichte sjocht, mar healwei is omke ynienen ferromme en is syn bangens foarby. Hy is dan ek hiel wiis mei syn neefke.

Dêrnei is omke in hiele oare ûle, folle blider en net mear sa noartsk en bang. It neefke is oan ’e ein fan de rit hiel wurch, mar hat in prachtige dei hân. En omke Ûle? Omke giet thús sels noch even troch!

It boek is leuk skreaun, op rym, en de moaie printen passe der goed by. Der binne ek hieltyd in flearmûs en/of kabouterkes te sjen, wat it foar bern wol leuk makket om se te sykjen, mar dy’t fierder niks mei it ferhaal te meitsjen hawwe.

Foar Eva (1 jier) is it ferhaal noch wat te lang en net útdaagjend genôch, mar Jens (4) begrypt it goed. Hy fynt omke earst net leuk, mar it ferhaal hat in kearpunt en dan wurdt it wol leuker.

 

Skreaun troch Margriet (29), mem fan Jens (4) en Eva (1).

 

‘Omke Ûle past op’ is foar € 14,50 hjir online te bestellen.

-> Margriet is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.