Bern bewege graach. En dat treft, want bewegen is goed foar elkenien. Mar dat tagelyk bewegen en learen in posityf effekt hat op de learprestaasjes fan bern is noch frij ûnbekend. Mei it lesprogramma ‘Fit & Vaardig’ bewege bern fan groep 4 oant en mei groep 7 trije kear yn ’e wike, wylst se ûndertusken klassikaal staverings- (spellings-) en rekkenopdrachtsjes dogge.
We zien dat beweging goed is voor de kinderen, het verhoogt hun concentratie en motivatie.
‘Yn Amearika hawwe se op guon skoallen in spesjaal lesprogramma dat him rjochtet op it oanpakken fan obesitas. Dat is dêr in grut probleem, en om soks foar te kommen krije de bern ek beweging ûnder de les. Ut ûndersyk docht bliken dat de learprestaasjes by taal en rekkenjen ferbetterje as dy twa kombinearre wurde. Dat wie it útgongspunt foar fierder ûndersyk nei de positive effekten’, fertelt ûndersykster Marijke Mullender-Wijnsma.
It lesprogramma ‘Fit & Vaardig’ is ûntwikkele troch de RUG en rjochtet him op learlingen fan de basisskoalle.
‘De bern krije trije kear yn ’e wike in les fan 30 minuten. 15 minuten dêrfan binne foar rekkenjen en de oare 15 minuten foar taal. De bern dogge ien fêste basisbeweging en as se antwurdzje op in fraach meitsje sy in oare beweging.
De bern fiere by de Fit & Vaardig-lessen opdrachtsjes út op it mêd fan stavering en rekkenjen. It is net de bedoeling om se dan neitinke te litten oer hiel yngewikkelde fragen. ‘Wy rjochtsje ús benammen op automatisearringsopdrachten. It giet derom dat de bern konstant bewege ûnder de les. Om’t se konstant bewege, hawwe se in hegere hertslach. Undersyk wiist út dat by in hegere hertslach bepaalde stofkes yn it brein frijkomme en dat der bettere ferbiningen lein wurde tusken de ferskillende breinhelten’, ljochtet Marijke ta.
Marijke: ‘Foar’t wy it programma oanbiede koenen, is it earst testen op in oantal skoallen. Wy hawwe doe sjoen oft it helber wie om de lessen yn it klasselokaal te dwaan, en oft it wurke fansels. No’t wy fierder binne mei it ûntwikkeljen fan it programma, wurkje de bern mei in app dy’t spesjaal makke is foar it digitale lesboerd.
De app is ynteraktyf en hiel maklik yn it gebrûk. De learkrêft hoecht sels net safolle te dwaan, want de twa figuerkes yn de app begeliede de bern. Freddy en Femke Fit binne eins de learkrêften yn dizze lessen. Se lizze út wat de opdracht is en stimulearje de bern om mei te dwaan. Op it boerd binne sy konstant yn beweging en litte se sjen hoe’t de move moat. De bern kinne dus goed sjen wat de bedoeling is en sjogge Freddy en Femke as harren “buddy”. It is hiel praktysk en ús testskoalle fûn it ek hiel leuk om dermei te wurkjen.’
Fit op skoalle
OBS De Flambou/Trimbeets yn De Gordyk is ien fan de earste skoallen yn Fryslân dy’t ûnderfining opdocht mei Fit & Vaardig. Direkteur Felix van Ginkel fertelt dat it programma in logysk ferfolch is op de profilearring fan de skoalle: ‘We profileren ons in Gorredijk als een basisschool die sport & lifestyle hoog in het vaandel draagt. Vanaf groep 5 doen we mee aan The Daily Mile, children fit for life: elke dag wordt er een kwartiertje door de wijk gehold. We zien dat beweging goed is voor de kinderen, het verhoogt hun concentratie en de motivatie bij de volgende les. Bovendien krijgen de kinderen buiten nog wat extra zuurstof.’ Mar der bart mear op it mêd fan bewegen bij De Flambou/Trimbeets. Der is in fakdosint gymnastyk en de bern meitsje yn searjes fan seis lessen kennis mei ferskate sporten. Fierder wurdt der tusken de lessen troch gebrûk makke fan energizers. Dat binne leuke spultsjes om de konsintraasje te ferheegjen, bern te aktivearjen of krekt te ûntspannen. ‘We verwachten dat de uitkomsten van Fit & Vaardig dezelfde zullen zijn als in het rapport “Slim door gym” wordt beschreven’, seit de direkteur. ‘Het is wetenschappelijk nu wel aangetoond dat bewegen een positieve invloed heeft op de leerprestaties.’
We zijn al bijna in level 8, misschien lukt het vandaag!
Yn jannewaris is juf Alja mei groep 4 starten mei Fit & Vaardig. De bern reagearje hiel entûsjast as juf freget wat se derfan fine. De fingers sjitte de loft yn. ‘Hartstikke leuk’, ‘je krijgt een andere sticker als je een nieuwe beweging doet’, ‘we zijn al bijna in level 8, misschien lukt het vandaag wel’, binne in pear fan de reaksjes fan de jonges en famkes. En dan is it safier. De bern gean njonken harren tafel stean, sykje romte yn de klas en juf start it programma. De muzyk nûget út. Op it digiboerd ferskynt Femke, in animaasjefiguerke dat de beweging foardocht, en der ferskine sommen yn byld. ‘Sprongetjes van 10’, motivearret juf Alja har groep. En dêr huppe de bern op en del, wylst se de útkomsten meiroppe: ‘10 – 20 – 30 – …’. Dêrnei folgje de min-somkes en dan wer in rist wat dregere sommen. Nei in kertier rekkenjen krije de bern de útslach. It gong goed!, seit de kompjûter. ‘Kijk, alweer een nieuwe sticker’, fersuchtet in learling tefreden.
Sjoch op de site mear ynformaasje: fitenvaardigopschool.nl