Zoek op inhoud

Wa’t net foarlêst is gek

Ik hoop dat dizze kop dy it artikel ynlûkt, want gjinien wol foar gek ferklearre wurde, fansels. Gelokkich is it hiel ienfâldich om fan dit stimpel ôf te kommen, nammentlik: dyn bern elke dei foarlêze. Want oan foarlêzen kleve allinnich mar foardielen en hokker âlder wol no net it alderbêste foar harren bern?

Skoallebesiten, foarlêssjuerys, foarlêze Lyts Diktee, in lêzing, in moeting mei kollega’s fan oer de hiele wrâld op de Berneboekebeurs yn Bologna, Sipke-Jan Bousema in UNICEF-sjek oerlangje, tariede fan de Gysbert Japicxpriis. Sa sjocht myn aginda derút sûnt ik yn jannewaris fan dit jier it stokje fan Berneboeke-ambassadeur oernaam ha fan Lida Dijkstra. In rike opdracht, dêr’t lêsbefoardering fan it Fryske berneboek yn sintraal stiet.

Wa hat net prachtige oantinkens oan dy iene skoalmaster dy’t sa moai foarlêze koe? Oan de boeken dy heit of mem eartiids foarliezen? En oan de mominten mei dyn eigen bern ast se op ‘e skurte hast en tegearre in printeboek trochblêdest? Dyn bern foarlêze is ien fan de moaiste manieren fan lêsbefoardering. It is in yntym momint dêr’tst tegearre efkes op reis bist nei in oare wrâld, in reis dy’t faak oanlieding jout ta dierbere petearen.

Elts bern hat it rjocht yn syn eigen taal te lêzen

Foar my is it ien fan de moaiste oantinkens oan myn 18-jierich mem-wêzen: elke jûn foarlêze út dy geweldich rike keunstwurken dy’t berneboeken binne. Fan Kikker oant Nynke van Hichtum oant Harry Potter. Wie der in jûn net safolle tiid? Dan pakte ik der in dichtbondel by, want foar in gedicht is der altyd tiid en foarlêze wie foar de bern de skeakel tusken de dei en de nacht. It spyt my dat dy twa pubers no net mear foarlêzen wurde wolle, mar gelokkich ha ik in leaf dy’t him hiel graach foarlêze lit troch my. Ek út berneboeken.

In foarlêsspecial as dizze soe eins oerboadich wêze moatte. Ommers, alle âlden wolle it alderbêste foar harren bern en fan foarlêze kinst simpelwei allinnich mar foardielen neame. Bern dy ’t al jong foarlêzen wurde hawwe dêr letter op skoalle profyt fan. Op 7- à 10-jierrige leeftiid hawwe sy in rikere wurdskat as oaren, in sterker lêsbegryp en in hegere lêsmotivaasje. En lêsmotivaasje liedt ta bettere skoalprestaasjes en alle persoanlike en maatskiplike foardielen dy’t dat dan wer hat. (Foar)lêze leit oan de basis fan de taal- en lêsûntwikkeling en oan de kânsen dy’t bern krije op skoalle en yn de maatskippij. Lêze ferrommet it tinken, leart ús om oaren better te begripen en fergruttet it wolwêzen.

De wei nei it hert
In bern fynt himsels werom yn in berneboek. Fia it ferhaal, mar seker ek fia de taal. Ferjit dêrom ek net foar te lêzen yn de memmetaal, want in boek yn dy taal streamt streekrjocht nei it hert ta.

Sels hie ik as bern it gefoel dat Diet Huber en Hindrik van der Meer harren teksten skreaun hiene foar my en mines. Dat joech my in spesjaal gefoel. Likegoed wie der – doe wie ik al âlder – ek dy oare stim dy’t fertelde dat it Frysk boersk en minderweardich wie. Net allinnich bûten de provinsjegrinzen, ek dêryn krige ik dy lûden dy’t ik dêrnei ynternalisearre ta it skisma dat in protte Friezen bekend is, nammentlik dat fan grutskens én skamte.

No wit ik yntusken dat in minderheidstaal net in útsûndering, mar de noarm is as je sjogge nei de sifers. Der binne op de wrâld krekt wat minder as 200 lannen, mar der besteane sa’n 7000 talen. De measte minsken op ‘e wrâld brûke dus mear as ien taal. Sterker noch: ûngefear tachtich prosint fan de wrâldbefolking is meartalich.

Alle bern hawwe it rjocht om te lêzen yn de memmetaal, sa stiet sels te lêzen yn it Kinderrechtenverdrag fan de Verenigde Naties, artikel 30 om krekt te wêzen. Meartaligens hat boppedat in grutte steapel foardielen. Sa hawwe meartalige bern in gruttere kennis fan taal. As in bern al in taal ken, kin dy taal helpe by it learen fan in nije taal en wurdt it learen fan in twadde taal krekt makliker. Se kinne flugger wurkje en mear taken tagelyk útfiere, se hawwe in grutter probleemoplossend fermogen, oanpassingsfermogen en beskikke oer mear kreativiteit wat wer liede kin ta bettere skoalprestaasjes.

Foarlêze dus! Just ek yn de memmetaal.

Tekst: Tialda Hoogeveen

Tialda Hoogeveen is Berneboeke-ambassaderu 2023-2024

Berneboeke-ambassadeur

De Berneboeke-ambassadeur komt fergees op skoallen, yn bibleteken en op eveneminten. Dêrby kinst foar in moaie priis in pakket mei in seleksje oan Fryske berneboeken oanskaffe.

Afûk-boekpanel

Wy binne op syk nei boek(foar)lêzers foar de Afûk-boekpanel. Wat foar dy? Liket it dy leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en der wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan!

Hester: Sa lêze wy

Dit is it plakje dêr’t wy in protte tiid trochbringe mei-inoar. Tegearre op de bank of yn ‘e grutte stoel. It leafst wannear’t har grutte broers op skoalle binne.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #2
Bekijk magazine