Zoek op inhoud

Us húshâlding: DCD en ASS

Anna-Neeltje wennet mei har twa bern yn Wolvegea. Se binne net in trochsneed húshâlding en dochs ek wer wol. Anna-Neeltje is ambulant begelieder by Scauting. Jurre is klear foar it transysjeproses en libbet mei ASS. Dochter Marije is sljocht op freerunning, folget de havo, en hat neist DCD ek mei ASS te krijen. Wat soks krekt ynhâldt en watfoar ynfloed dat op harren hat, lizze se graach eefkes út.

‘ASS of autisme is de sammelnamme foar alle ferskillende soarten ûntwikkelingsstoarnissen. Do belibbest de wrâld op in oare wize, omdat dyn brein oars wurket as dat fan minsken sûnder autisme. Bern mei DCD hawwe muoite mei it koördinearjen fan bewegingen wêrtroch’t motoaryske hannelingen dy’t maklik lykje, in útdaging wurde. Do kinst dêr in probleem fan meitsje, mar op de wrâld binne wy allegearre net gelyk. Wy ha ús húshâlding derop oanpast en dan funksjonearje wy allegearre prima. Wy ha de wanden fan de wenkeamer sûnder al te folle kontrasten ferve en oanklaaid. Dat is lekker rêstich oan de holle.

Op de sliepkeamer fan Marije sit it measte yn doazen mei in etiket, sadatst sjen kinst wat deryn sit, mar alles dochs moai opromme is. Sa hawwe wy ús hiele hús troch west en elk leveret syn ynbring. Fansels hâld ik der ek rekken mei yn it ritme fan de dei. Alles wat giet sa as altyd is gjin probleem, mar as der bygelyks besite komt, moatte wy dêr goed oer kommunisearje. Soks kin hjir in gruttere útdaging wêze as yn ferlykbere húshâldingen. Hjir prate wy net oer “straks” of “letter ris”, mar wy binne konkreet, bgl.: we binne om fiif oere thús. Of: we ite oer tweintich minuten. Oersichtlik en dúdlik.’ Dochs is net alles yn it libben like dúdlik en oersichtlik.

Jurre fertelt dat hy/sy no foaral dwaande is mei syn transysje. Yn ’e holle is de transysje al fierhinne klear, mar de bûtenkant strookt noch net mei de binnenkant. Jurre wachtet no op de intake by it Radboud sikehûs, dat it proses begeliede sil. ‘Meielkoar tinke wy nei oer in oare namme dy’t aanst better passe sil. Of we geane meielkoar in dei te shoppen yn Amsterdam.’ It proses is net altyd maklik, net foar Jurre sels, en ek net foar de omjouwing. Dochs binne der altyd ek ljochtpuntsjes. Jurre: ‘Toen we bij beppe waren, dacht ik eerst ook: hoe ga ik haar dit vertellen? Maar ze deed er niet moeilijk over. “Och,” zei ze, “hier heb je er wel meer van rondlopen. Dat maakt niet uit hoor.”’

Troch: Ciska Noordmans
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Pim en Pier

Pim en Pier binne twa mantsjepinguins. Se binne altyd byelkoar. Pim soe hiel graach in pykje ha wolle mei Pier, mar hoe moatte se dat ha? En soene se it pykje dan wol tegearre grutbringe kinne?

In waarm printeboek, ynspirearre op in wierbard ferhaal.

Leeftyd: 3 – 5 jier.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer lytse ûndernimmers, oer heech gefoelige bern, poëzy, de nijste berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine