In húshâlding is in soarte fan bedriuw datst runst. Alles moat effisjint regele wurde en de dingen ferrinne al gau neffens in fêst stramyn. Dan kin de oandacht foar de relaasje wolris ferjitten wurde. Dat seit gesins- en relaasjeterapeut Wietske Dijkstra fan Wijzijn de Praktijk yn Ljouwert.
Lykwicht
De relaasjeterapeut sjocht yn har praktyk yn Ljouwert geregeld dat âlders fan jonge bern nei fiif of seis jier minder tefreden wurde mei it lykwicht yn it gesin. ‘De petearen gean allinnich noch mar oer de bern, troch te min sliep libbest fysyk op de “overleefstand” en de seks stiet op in leech pitsje. Partners fernimme wol dat it net goed giet mei de relaasje en tinke dat se net mear fan inoar hâlde.’ Wietske Dijkstra advisearret stellen om tiid foar elkoar te nimmen.
Sjochst jonge heiten en memmen útinoar groeien.
‘Froulju binne bygelyks lilk omdat de man net soarchsum is, wylst mannen it gefoel hawwe dat se net oan de ferwachtingen foldogge. Meitsje it besprekber. Freegje hoe’t it mei de oar giet. Wat fynst leuk en wat net? En wat wolsto graach?’
Ferbining
As relaasjeterapeut probearret Wietske altyd de ferbining te sykjen: Wat is dyn ferlangen, wat fine jimme allebeide fijn? En dan is it ek noch belangryk datst de oar witte litst watst sa graach wolst en wat de reden dêrfan is. ‘Giest alwer nei it fuotbal?’ komt hiel oars oer as: ‘Ik begryp datsto it leuk fynst om nei it fuotbal te gean, mar ik wol ek graach wer ris wat tegearre dwaan. Want ik bin wiis mei dy as man.’
It is neffens Wietske Dijkstra wichtich om wer in útdaging te finen dy’t de oandacht ferleit nei wat oars as de bern. ‘Asto bern krigest fielst dy dêr ferantwurdlik foar en wolst sa goed mooglik foar se soargje. Dêrtroch is it soms dreger om inoar as partners te berikken. Probearje út te finen hokker wearde jimme foar elkoar hawwe. En jou inoar erkenning. Sis bygelyks datst bliid bist dat de oar syn bêst foar dy docht.’
Fersterkjende wurking
Wietske seit dat it hawwen fan bern krekt ek hiel fersterkjend wurkje kin yn in relaasje. Ek by Meinte (29) en Laura (28) Meinsma fan Wjelsryp is dat it gefal. Sy wiene acht jier tegearre doe’t harren soan Jelmer (no 21 moanne) berne waard. Sechtjin moanne letter kaam Thomas (4,5 moanne) der by. ‘Us hiele libben is troch de bern feroare. Wol yn positive sin. It is in hiele ferriking. Mar it bliuwt swier. Bist altyd heit en mem en de nachten binne soms koart. Ik libje fan sliepke nei sliepke en tuskentroch ha ik soms in oerke “frij”. Myn útstapkes bestean no út besites oan de boarterstún’, fertelt Laura.
‘Wy hawwe altyd in fêste taakferdieling thús. Meinte is ien middei allinnich thús mei de bern en ik twa dagen. It húshâlden dogge wy tegearre. Wy probearje elke moanne in jûntsje oppas te regeljen sadat wy tegearre wat leuks dwaan kinne. Sûnt Thomas der is, is dat noch net slagge, mar wy wolle dat aanst wol wer oppakke. Ik tink datsto altyd oan dyn relaasje wurkje moatst, oars giet it mis.
Quality time is essinsjeel.
Ek Meinte docht syn bêst om de oandacht foar de bern en syn frou sa goed mooglik te ferdielen. ‘Dat giet net fansels. Moatst der wol wat foar dwaan. By ús giet dat gelokkich wol goed. De bern lizze om sân oere op bêd en dan hawwe wy tiid foar elkoar. Wy ha wol in drok libben, want jûns hawwe we ek gauris wat, mar no’t wy bern hawwe kieze wy der bewust foar om ek wolris in feestje oer te slaan. Oars hawwe wy noait tiid foar elkoar.’
Balâns fine
Hilda Merkus (31) en Arjaan Adema (34) út Damwâld werkenne harren wol yn it ferhaal fan Meinte en Laura. Sy binne 12,5 jier byelkoar. Op 13 septimber 2011 waard harren soan Jesper berne. Krekt in jier earder hiene sy harren dreamreis nei Amearika makke. ‘Wy hawwe altyd moaie reizen makke, giene faak op stap of út iten. Gewoan spontane dingen. No’t wy twa bern hawwe, kin dat net mear. Moatst alles planne’, seit Arjaan. Hy hat der gjin problemen mei.
Ik kin my net mear in libben sûnder bern foarstelle.
Sûnt de berte fan Jesper (4) en Lisan (2) binne Hilda en Arjaan noch mear in team, fine se sels. ‘Wy wurkje beide minder en dogge thús alles tegearre. Dêrtroch binne wy ek tichter nei inoar ta groeid. Allinnich it begjin fûnen wy hiel pittich, troch dy koarte nachten. Dan is it lontsje wat koarter. No’t wy de balâns fûn hawwe, is it allegearre goed te dwaan. Mar wy hawwe ek maklike bern, dat skeelt tink ik wol’, seit Hilda.
Ek kwa opfieding sitte se op ien lijn. ‘Soms spylje de bern ús wolris tsjinelkoar út. Dan sizze se bygelyks dat it wól fan mem mei. De krêft fan in goeie relaasje is om mei inoar te praten ast it net iens bist.’ De tiid fan spontane útstapkes tegearre is foar Hilda en Arjaan foarby. Mar elk jier geane se wol in wykein tegearre fuort. Ek hâlde se de romantyk deryn troch elkoar te ferrassen, mei in kaartsje, in boskje blommen of in itentsje. ‘Hearlik fine we dat. Even krekt as froeger fan inoar genietsje en prate sûnder dat der ien fan ’e bern tuskentroch komt.’
Boekentip: