Zoek op inhoud

De resinsje fan Sietske: Stip yn it swimbad

Dit fleurige kartonnen boekje giet oer Stip dy’t mei mem nei it swimbad giet, dêr’t hy ek syn freonen Gjalt en Wybe tsjinkomt. Stip fynt it earst wol wat spannend yn it swimbad, mar úteinlik fynt hy it machtich en is er lekker oan it spatten en swimmen. Der wurdt ôfsluten mei in ijsko, dus dat is feest. 

It ferhaal is hiel werkenber foar Jelte fan 2,5 jier; swimmen, de bantsjes dy’t om de earmen gean, lekker boartsje en spatte yn it wetter en fansels in ijsko oan ’e ein. Mar ek dat Stip it earst wat spannend en it wetter kâld fynt, mar it úteinlik toch hiel moai fynt. Jelte kin dan ek net genôch krije fan it boek en it moat hieltyd wer opnij lêzen wurde. Omdat it sa werkenber is, en it oer swimmen giet, wat Jelte supermoai fynt, kin hy al gau it ferhaal sels fertelle en pakt er it boekje der ek graach opnij wer by om nochris te lêzen. 

Ek foar syn broerke Ferre fan 10 moanne is it boekje geskikt troch de moaie kleuren en omdat it boekje fan karton is en net sa gau stikken kin. 

In oanrieder!

Sietske, út Weidum (lid fan it Afûkboekpanel)
Mem fan Jelte en Ferre

Stip yn it swimbad

Stip sil te swimmen mei syn nije swimbân. Doart er wol yn it wetter? In leaf ferhaaltsje foar bern dy’t it swimbad noch wol in bytsje spannend fine.