Zoek op inhoud

Stikelbarchje Prikkeprik: resinsje fan Aukje-Tjitske

Stikelbarchje Prikkeprik is in prachtich kartonboekje mei fersen en tekeningen foar jonge bern. Wat daliks opfalt, binne de realistyske tekeningen. Ek al ha ik as folwoeksene al aardich wat sjoen, by dizze tekeningen tink ik daliks: wau, wat in moaie bisten!

De opset fan it boek is like moai as ienfâldich: hieltyd op de iene bledside in fers en op de oare in plaat. Der binne fansels mear boeken mei sa’n opset, mar dizze útjefte blinkt wat my oangiet benammen út troch it fleurige ritme yn ’e fersen en, lykas hjirboppe al skreaun, de skitterjende tekeningen. Ek moai fyn ik dat yn dit boekje oare bisten foarkomme as it standert rideltsje foar jonge bern. Net hûn, kat, ko en hynder, mar iikhoarntsje, stikelbaarch, flinter en ingeltsje.

Elk gedicht begjint mei ‘Hoi’ en dan de namme fan it bist, en einiget mei in fariaasje op ‘kom mar by my’. Dy fêste struktuer en ek it dúdlike ritme sille jonge bern wol oansprekke, tink ik. It binne leave gedichtsjes mei sinnen lykas ‘giesto nei dyn holtsje moai lyts stikelboltsje?’ en ek mei rake typearringen, lykas ‘snotteglêd en simmerbrún’ as it oer in slak giet. Dat lêste fyn ik in moaie dichterlike fynst.

Ho, no moat ik efkes ynbrekke, hear. Mei ik ek wat sizze? Ik bin Christine, ik bin hast 1,5 jier en wat ús mem seit, begryp ik allegear neat fan. Mei ik no einlings ris sizze wat ik fan dit boekje fyn? Lit my it ris besjen. Ja, it hat hiele moaie platen. Ik kin it iikhoarntsje aaie en it ingeltsje oanwize. En mei wat muoite kin ik ek de bledside omslaan. Knap fan my, hin? Bin benijd wa’t der no wer tefoarskyn komt!

Hee, dat is grappich, dit boekje is stevich. Je kinne it op ’e grûn smite. Leuk! Dan krij ik in reaksje fan ús mem. No ja sis, se pakt my it boekje ôf en begjint te praten. Sa net, hear! Ik pak it gewoan werom. Sjoch! No ha ik in dakje boppe myn holle. Pi…pi… ba! Sjogge jim my wol? Dus: net eamelje, gewoan keapje dit fantastyske boek! Ik ha myn sechje dien.

Aukje-Tjitske Dieleman-Hovinga en Christine Dieleman (1,5 jier) (Lid fan it Afûk-boekpanel)

Stikelbarchje Prikkeprik

Giesto nei dyn holtsje
moai lyts stikelboltsje
kom stikelbarchje prik prik prik
sille wy boartsje do en ik?

In waarm boekje mei ritme en rym om de alderlytsten genietsje te litten fan taal en natuer. Foar pjutten fan 1 jier ôf.

Stikelbarchje Prikkeprik: resinsje fan Sytske Anne

Ivo is 17 maanden oud, gek op dieren en dol op voorlezen. Het was dan ook geen verrassing dat het boekje “Stikelbarchje Prikkeprik” meteen in de smaak viel. We pakten samen het boekje uit en hij kroop meteen bij mem op schoot om het boekje open te slaan.

Printables: Tema hjerst

Spesjaal foar heiten en memmen, pjutteboartersplakken, skoallen, bernedeiferbliuwen en gastâlders meitsje wy moaie platen dy’t jimme sels útprintsje kinne.