Zoek op inhoud

Sa prate wy thús: Renske en Carles

Renske Wijma (37) en Carles Vallès i Castelló (46) wenje mei harren soantsje Ixent-Josep (6) en dochterke Janna-Elisa (3) yn Aldegea Smellingerlân én yn in doarpke flak by de Spaanske stêd Barcelona. Renske praat Frysk mei de bern, Carles Katalaansk.

‘Sjoch, myn ûle hat in mûske pakt!’ Yn de tún boartsje Ixent-Josep en Janna-Elisa mei harren sabeare fûgels. As heit Carles bûten komt te sjen, wurdt de ûle ynienen in ‘mussol’ en it mûske in ‘ratolí’. Yn dit muzikale gesin fiere it Frysk en it Katalaansk de boppetoan.

Tsien jier lyn treffe Renske en Carles elkoar yn it Poalske Krakau, dêr’t se beide yn in ynternasjonaal orkest spylje. ‘Op ús earste date praten wy Dútsk mei-ïnoar’, wit Renske noch goed. ‘Dat waard al rap Ingelsk en doe’t ik hieltyd mear yn Barcelona wie, ha ik Katalaansk leard. Underling prate wy no Katalaansk, mar mei de bern brûk ik altyd it Frysk.’

Dy kar foar har memmetaal wie rap makke. ‘Ik fyn it Frysk in prachtige taal, dy’t foar my fielt as thús’, leit Renske út. ‘It fielde fuort hiel fertroud om Frysk te praten mei Ixent-Josep doe’t er berne waard. It is de taal dy’t it tichtst by my stiet. En boppedat de taal dy’t ik trochjaan wol oan ús bern.’

Presys datselde jildt foar Carles, dy’t fan hûs út grut waard mei it Katalaansk. ‘Katalaansk is krekt as Frysk in minderheidstaal, dy’t troch hieltyd minder minsken yn Spanje brûkt wurdt’, fertelt er. ‘Dat is ivich skande. Ik bin hiel grutsk op myn taal. Fandêr dat ik altyd Katalaansk praat mei ús bern.’

Frysk en Katalaansk foarmje tegearre in prachtich duet. ‘Sûnder muoite skeakelje de bern oer fan de iene nei de oare taal. It binne krekt spûnskes, dy’t alle nije wurden opsûgje’, glimket Renske. ‘Hjir op skoalle yn Aldegea leare se boppedat Nederlânsk en op skoalle yn Barcelona is Katalaansk de fiertaal, mar op it skoalplein prate de bern faak ûnderling Spaansk. Se wurde dus grut mei fjouwer talen.’

Yntusken praat Renske floeiend Katalaansk en kin Carles it Frysk goed ferstean. Prate docht er it lykwols noch mar in bytsje. ‘Ik fyn de Fryske taal prachtich, mar wol dreech om it sels te brûken’, laket er. ‘Faak begjinne minsken automatysk Nederlânsk tsjin my te praten yn it doarp. Mar gelokkich kin ik ien sin al flaterleas útsprekke: Praat mar Frysk!’

Tekst: Nynke van der Zee
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Wêr is Keimpe?

In prachtich sjoch-, lear- en fertelboek fan Keimpe de Krokodil.

  • in hiel soad wurden om 20 ferskillende tema’s hinne
  • trije talen: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk
  • Keimpe dy’t him op alle platen ferstoppe hat, kinsto ‘m fine?
  • de útspraak fan de wurden yn trije talen online fia de QR-koade of de webside www.keimpe.frl
Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #3

Yn dit nûmer giet it oer fjouwer generaasjes fan it selde geslacht, in prachtige bernekeamer, machtige foto’s fan bern dy’t wat útfretten ha, moaie boeketips, in artikel oer angst foar de befalling, Willeke Dikland oer hoe’t it is om al betiid yn de oergong te sitten en in artikel oer bern dy’t net goed sliepe kinne.

In protte lêswille tawinske!

Bekijk magazine