Femke de Walle (36) is troud mei Allan. Tegearre ha se in twilling; Liv en Liam fan 7 jier en in jonkje Luuk fan 2,5 jier. Allan hat noch twa bern út in earder houlik.
Femke: “Allan praat fan hús út Nederlânsk. Ek syn bern binne Hollânsktalich. Doe’t ik yn ferwachting wie fan ús twilling ha ik der al efkes mei wraksele. Wurdt Allan no in heit of in papa? En ik sels? In mem en in papa, is dat net suf? Ik seach mysels echt net Nederlânsk praten mei de bern. Dat fielt net natuerlik. En Allan wie no ienkear in papa.
As ik dan dochs noch in bytsje bydrage kin oan it fuortbestean fan de taal, dan bring ik myn bern graach meartalich grut.
Dêrrneist fyn ik it Frysk in hiel moaie taal. As ik dan dochs noch in bytsje bydrage kin oan it fuortbestean fan de taal dan bring ik myn bern graach meartalich grut.
Dat, ik ha altyd Frysk tsjin de twilling praat en Allan praat Nederlânsk mei de bern. Mar doe’t se nei skoalle ta gongen, krige it Nederlânsk de oerhân. Se praten altyd al yn it Nederlânsk mei inoar mar no ek tsjin my. Ik wit dat in protte âlden der dan yn meigean, mar ik tocht, dat gebeurt my net. Dat ik ha altyd stjuch folholden.
No prate de bern wer gewoan Frysk tsjin my.
Mar nei hast in jier wie ik it wol in bytsje sêd. Doe sei ik, as se wer yn it Nederlânsk tsjin my begûnen: ‘Wat seist?’ Doe wie it nei in pear dagen gau klear. No prate de bern wer gewoan Frysk tsjin my.
Hoewol’t Liv en Liam ûnderling noch hieltyd Nederlânsk mei inoar prate, prate se wol Frysk tsjin harren broerke Luuk. Dat fyn ik best wol bysûnder en ik bin der stikem wol bliid mei. Luuk sels praat ek altyd Frysk, ek tsjin wyldfrjemden. Ik bin benijd hoe’t it gean sil as hy aanst ek nei skoalle ta giet. Ik praat yn alle gefallen lekker Frysk mei him.
Fan Liam krij ik wolris leave briefkes. Fonetysk, dat wol, mar wol yn it Frysk….”
Tekst: Dieuwke van der Meer
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: De Lytse heit&mem nr.7