Zoek op inhoud

Hester: Sa lêze wy

Dit is it plakje dêr’t wy in protte tiid trochbringe mei-inoar. Tegearre op de bank of yn ‘e grutte stoel. It leafst wannear’t har grutte broers op skoalle binne.

Mei al har poppen, har servys en lekkere bakjes ‘krekt as’ kofje. Mar it alderleafste mei in boek derby. En dan it leafst net ien boek, mar in hiele grutte steapel. By ús mem op ’e skurte. Want ús mem hat as myn grutte broers op skoalle binne alle tiid foar my. Ik haw ús mem no hielendal foar mysels. En dêr makket ús lytse famke graach gebrûk fan. ‘Mem, Dieke in boekje pakke?’ ‘Mem lêze, dat fynt Dieke leuk.’ ‘Ja hear leave, fansels.’

It is mar goed dat der by ús thús yn ’e wenkeamer in kast fol berneboeken stiet, en dat har grutte broer de leafde foar it lêzen ek al fan jongs ôf oan mei ús Dieke dielt.

Ek jûns foar it sliepengean is it foar har altyd in lyts feestje. Pyama oan, toskpoetse, en dêrnei tegearre yn ’e skommelstoel of op it grutte bêd ferhaaltsjes lêze mei heit, mem en/of har grutte broers. Want har eachjes geane net ticht foardat der tegearre in boekje lêzen is.

Hester Visser

De alderleafste lytse bearen

Der wiene ris in mem bear en in heit bear dy’t har trije lytse bearen fertelden dat se de alderleafste lytse bearen fan de hiele wrâld wiene. Mar op in dei begûnen de lytse bearen har ôf te freegjen wa’t no de alderleafste wie. Dat koene se dochs net alle trije wêze… of wol?

De resinsje fan Erika: De alderleafste lytse bearen

De resinsje fan Wopkje: De alderleafste lytse bearen

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #2
Bekijk magazine