In prachtige dichtbondel oer it libben, mar ek oer de kearside fan it libben: dea en ivichheid.
It boek is opdield yn fjouwer haadstikken. Wat opfalt is dat haadstik ien gjin titel hat. Dochs binne dy gedichten wol mei-inoar ferbûn. Yn myn optyk giet it oer ‘bern wêzen’ en hoe’t je as bern foar it earst mei libben en dea yn oanrekking komme. In fûgel dy’t tsjin it finster fljocht, it rûken fan pinksterblommen, yn it gers lizze. Allegearre ûntdekkingen dy’t bern dogge. Dêrnei giet it oer grutter wurde en op ‘e siik gean nei frijheid.
It haadstik ‘Ofwêzich de tiid’ giet oer it kommen en gean fan seizoenen. Sawol letterlik oer de tiden fan it jier as oer de tiden yn in minskelibben. Troch dy mominten op te heljen, stiet de tiid efkes stil.
‘Do giest’ is it tredde en koartste haadstik. Wurden lykas ûnberikber, gjin beweging en swije spylje dêr in grutte rol. Leafdes dy’t fuortreitsje, mar yn ús tinzen altyd by ús binne. De leafde is sterker as de dea.
‘Libbensteken’ hjit it lêste haadstik yn dizze bondel. Ik tink dat it gedicht ‘ûnderhûds’ hiel krekt werjout wêr’t it haadstik oer giet.
“De nammen fan de deaden hoechst net te ûnthâlden, net op te skriuwen, te werheljen foar it sliepen gean, net te tellen. […] Sy binne der sa’tsto der bist, soms hiel fier fuort, soms tichtby. Sy libje ûnderhûds, bewenje dy.”
Al mei al in hiele moaie dichtbondel dy’t my rekke hat. Der stean prachtige fergelikingen yn oer de natuer en de jiertiden. Werkenbere bylden, sketst yn wurden, ynfolle troch je eigen neitinken. De rym dy’t der sa no en dan yn foarkomt, sprekt my ek tige oan. De titel ‘Wyt ljocht’ is goed keazen. Earst makke it my wat huverich, mar wyt ljocht stiet foar de ivichheid en alles ‘der tuskenyn’: it libben yn al syn geuren en kleuren.
‘Wyt ljocht’ is foar € 17,50 hjir online te bestellen.
Berber is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.