Zoek op inhoud

‘Sjoch Ynse (4 moanne), dêr is in barchje!’ seit syn grutte broer Yerne (2), wêrop’t wat gnoarjen en laitsjen folget. “Baby fielboekje” stiet op de foarkant, no, it boekje docht dy wurden rjocht oan.

As je tinke oan bisten op in pleats, dan tinke je al gau oan kij, barchjes, eintsjes, hintsjes en fansels skiepkes. No, ik kin jim fertelle, elk bistje dat op in pleats wenje kin, hat plak krigen yn dit boekje. De yllustraasjes fan de bistjes binne stik foar stik prachtich (krekt echt) en se binne ôfbylde yn jong en âld. In kealtsje en in ko, in lamke en in skiep. Dêrby springe de primêre glimmende en glitterjende kleuren op je ôf! Wat dit boekje ekstra leuk makket, is dat by elk fan de bistjes wat te fielen is. De pykjes binne lekker sêft mei giele plúshierkes, de hûn wol graach boartsje mei in kleurde sêfte bal, en de baarch?
Ja… dy stiet yn ’e blabber en dat plakt nochal. Fiel sels mar!

Us Ynse wurdt entûsjast by it sjen fan alle kleuren yn ‘Bisten op ’e pleats’. Syn grutte broer Yerne, dy’t gjin baby mear is mar in pjut fan hast trije, fynt it boekje ek moai. Hy mei dan ek graach syn broerke fertelle watfoar bisten it binne en foaral watfoar lûden se meitsje. It klinkt hjir dan ek hiel gesellich yn de wenkeamer! It fielboekje is bedoeld foar babys, mar wat âldere bern (oant trije jier, skat ik yn) sille dit boekje ek seker leuk fine om yn te blêdzjen. Al dy ferskillende kleuren, struktueren en stoffen, de sintugen wurde genôch prikkele! It boekje is fan stevich glêd karton makke en de hoeken binne net skerp, je kinne je berntsje der gerêst allinnich mei litte. Mar noch leuker is tegearre lêze mei heit, mem en/of broer(ke)/sus(ke)!

Skreaun troch Berber van der Wal-Oenema út Dronryp

 

‘Bisten op ’e pleats’ is foar € 7,50 hjir online te bestellen.

-> Berber is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Baby’s houden van lezen

Veel ouders geloven niet dat het mogelijk is om al aan baby’s voor te lezen en stellen het voorlezen uit tot hun kind twee of drie jaar oud is. Dat is jammer, want in het eerste jaar ontwikkelt een kind zich snel en leert het veel nieuwe dingen.

Resinsje Joazefine yn ’e rein troch Tiny

“Joazefine yn ’e rein” kaam as in kadootsje mei de post en dat wie foar de beukers fan OBS Op’e Dobbe yn Hallum in feestje! We binne sljocht op ferrassingen en fan moaie boeken wurde we hielendal bliid op skoalle. It útpakken diene we mei-inoar. It kleurrike omslach falt fuortendaliks op: fleurich en útnûgjend. Fansels moast ik daliks foarlêze.

Fergees foarlêsferhalen by de Foarlêsklup!

Meisto ek sa graach moaie ferhalen foarlêze?
En hasto bern yn de leeftiid fan 0 oant en mei 10 jier?

Dan is de heit&mem Foarlêsklup grif wat foar dy!

sipke ope buorkerij

Sa lêze wy: foto oprop!

Hasto in moaie foto fan jim foarlêsritueel mei in Frysk berneboek? Of hast miskien in leuke foto fan dyn bern dy’t in moai Frysk berneboekje lêst?