Zoek op inhoud

Resinsje Do bist de leafste troch Wieke

Wy mochten in resinsje skriuwe foar ‘Do bist de leafste’. Een prachtich boek yn pocketformaat mei ferhalen en gedichten oer alledeiske dingen, sa as de kenmerken fan de seizoenen, it waar, wat der allegear gebeurt by it meielkoar boartsjen, op skoalle of op it wurk.

Dit ferrassende boekje giet ek oer belibbing en emoasjes, mar ek oer moaie en fertrietlike situaasjes. Foar ús bern binne it leave ferhalen en gedichten dy’t op een hiele waarme manier opskreaun binne.

Ek wurde de ferhalen of gedichten yn dit boek ûnderstreke mei skitterjende tekeningen dy’t echt ta de ferbylding sprekke. Oer sa’n tekening soest suver sels wol wer in ferhaal betinke kinne foar bern. Oan dit boek sit wol in poëtyske kant; rymkes en gedichten dy’t net direkt fertelle wat de betsjutting is fan it ferhaal en dy oan it tinken sette.

It is in boekje foar elke leeftiid, fan jong oant âld. Foar in protte ferskillende ferhalen of foarfallen fynst wol een passend rym of gedicht. As mem koe ik merke dat dit boekje helpt by it útlizzen fan allegear emoasjes oan bern. Ek de drege ûnderwerpen wurde sa dochs yn begryplike taal ferteld. Ut dit boek ha wy bygelyks in moai, waarm en passend gedicht útsocht om foar te dragen op ús beppe har begraffenis. Mar ek foar fleurige dingen lykas nij libben, in feestje of in moaie alledeiske situaasje kinne je yn dit boek genôch passende fertelstof fine.

Groetnis fan Wieke en Sjouke (3) Visser út Jirnsum

Do bist de leafste

In tiidleas boek foar alle leeftiden mei leave gedichtsjes fan Hans en Monique Hagen en sfearfolle yllustraasjes fan Marit Törnqvist.
Eppie Dam hat in prachtige oersetting makke.

De recensie van Wieke: Winterboek

De resinsje fan Wieke: Tomke op it iis