Zoek op inhoud

Resinsje Boer Boaris en de sniepop troch Tryntsje

Us pjut Suze (2,5 jier) is gek op Boer Boaris. Hast elk boek út de searje ha we al ris út de biblioteek liend, dêr binne we twa kear yn ’e moanne wol te finen.


Om’t Boer Boaris earder allinnich mar yn it Nederlânsk te krijen wie, sette ik sels faak de wurden nei it Frysk oer, mar dan slagge it net altyd om it rymje te litten. Mei dit nije boek hoech ik it net mear oer te setten… ditkear in échte Boer Boaris yn ’t Frysk. Al moatte wy ûnder it foarlêzen fan dit boek al skerp wêze, want de klam/útspraak moat al goed om it rymje te litten.

Boer Boaris makket wer in nij aventoer mei, ditkear ien mei in ranende sniepop, want nei snie komt der teiwaar. Fansels bart wer it ûnmooglike (of just it mooglike…) en bedarje Boer Boaris, Sam en Bearend wer op moaie plakken. Sy gean op syk nei in plak dêr’t it iiskâld is, sadat sniepop Bob net raant. Dat dit ferhaal him dêrom foar in part yn Fryslân ôfspilet, makket it ek wol spesjaal, want se gean nammentlik de Ofslútdyk oer om nei it iisstadion Thialf te gean. 

De yllustraasjes binne tige kreatyf en alle bisten en persoanen wurde moai yn byld brocht. Sa stean ko Klara en har kealtsje ek op redens, tusken de oare riders yn.  

Boaris mei yn syn aventoeren faak mei grut materiaal op ’en paad wêze, Suze is ek gek op alles wat ride of fleane kin. Ditkear rydt Boaris op in grutte kraan en sil er ek noch op reis mei de helikopter. Hoe grutter, hoe mâler en hoe mear bisten der mei kinne. Boer Boaris giet graach mei de hiele buorkerij op ’en paad, want de bisten hearre der fansels ek by. 

Efkes gjin sin om foar te lêzen? Gean dan op syk nei it fûgeltsje en it mûske, dy binne faak mei humor ferstoppe en te finen op elke bledside.

Boer Boaris en de sniepop, grappich en leuk foar jong en âld!

Tryntsje Kooistra Buma

Boer Boaris en de sniepop

It is hast krysttiid en it hat snijd. Boer Boaris, Bearend en Sam meitsje in sniepop. Mar dan wurdt it teiwaar…