Zoek op inhoud

Prate yn de tredde persoan

Mem. Wol mem, as it mem útkomt, efkes neitinke oer wêr’t mem myn redens opburgen hat, mem? MEM?

Friezen brûke faak de tredde persoan by it oansprekken fan minsken binnen de famylje. Se sizze bygelyks: ‘Wol heit dat foar my dwaan?’ Soms wurde ek de buorman of buorfrou of dosinten op dy manier oansprutsen. It giet om in yndirekte oansprekfoarm. Troch te sizzen: ‘Kin buorman de doar iependwaan?’ giest it brûken fan ‘do’ of ‘jo’ út ’e wei. Mar faak is it ek in teken fan hoflikheid.

Wy fregen oan jim fia ús socials hoe’t dat by jim thús giet. ‘Do’ of dochs de tredde persoan?

Coriene de Boer: “Altyd de tredde persoan, dat dogge we allegear hjir en binnen de famylje… klinkt folle fatsoenliker.”  

Nienke Minnesma: “Wy binne dat ek sa wend. Sterker noch, by myn HBO-stúdzje yn Swolle die ik it ek. Doe sei ik tsjin de dosint: ‘Wil Janneke nog even naar mijn mail kijken?’ Wêrop’t sy hielendal ferûntwaardige reagearre: ‘Ik zit hier gewoon bij hoor.’ Se fûn it hiel apart, en neidat ik útlein hie dat it fanút fatsoen wie, sei se dat ik it net wer hoegde te dwaan. Oant dy tiid wist ik net dat it in echt Frysk gebrûk is!”

Froukje Veldema: “Yn de tredde persoan, sa ha wy it leard en sa leare ús bern it ek. It klinkt sa ûnfatsoenlik at je do sizze tsjin âlderen.”

Wian Wijma-van Smeden: “Wy brûke de tredde persoan. Ik fyn dookjen mar neat. Do is foar leeftiidgenoatsjes. Mar net foar minsken dy’t âlder as jo binne.”

Suzanne Dijkstra: “Altyd do tsjin ús heit en mem sein (ik bin 40). Ik fyn it anno 2023 al hielendal net mear fan dizze tiid om yn de tredde persoan te praten.”

Geertje Kingma: “Us jonges binne bûten Fryslân opgroeid. Fan jongs ôf oan hawwe se ús altyd by de foarnamme neamd en ‘jij’ en ‘jou’ sein. Wy hawwe dat stimulearre en fûnen it hiel gewoan, sy ek. De omjouwing hie der wat muoite mei. De jonges binne no 50 en 47 jier en neame ús noch altyd by de foarnamme.”

Jellie Boersma-de Vries: “Us bern sizze ‘wol heit of mem dit of dat dwaan’. It is neffens my in stikje respekt. ‘Do’ seist tsjin dyn freon of freondinne of sis mar dyn gelikens. Heit, mem, pake, beppe of wa dan ek dy’t in stik âlder as dy binne, sprekke je oan mei jo en net mei do! Dat heart in stik fatsoenliker.”

—-

Gerbrich de Jong hat in promoasjebeurs krigen om ûndersyk nei dit fenomeen te dwaan. Se wurket al sa’n sân jier as dosint Frysk foar de learare-oplieding fan NHL Stenden. 

Troch: Dieuwke van der Meer

Mijn 2e vrouw is ook uitgenaaid!

Na het succesvolle boekje ‘Mijn vrouw is uitgenaaid!’ is er nu een vervolg: ‘Mijn 2e vrouw is ook uitgenaaid!’  Alweer een hilarisch boekje vol frisismen. Want het valt voor een Fries tenslotte niet altijd mee om zich goed in het Nederlands te uiten.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #3

Yn dit nûmer giet it oer fjouwer generaasjes fan it selde geslacht, in prachtige bernekeamer, machtige foto’s fan bern dy’t wat útfretten ha, moaie boeketips, in artikel oer angst foar de befalling, Willeke Dikland oer hoe’t it is om al betiid yn de oergong te sitten en in artikel oer bern dy’t net goed sliepe kinne.

In protte lêswille tawinske!

Bekijk magazine