Wurdsto pake of beppe?
Lokwinske! Wat in bysûndere tiid stiet jim te wachtsjen. Net allinne foar dyn soan of dochter, mar ek foar dy feroaret der in soad. In nije generaasje, in nije rol… en miskien wol in fêste oppasdei? As pake of beppe silsto in unike rol spylje yn it libben fan dat nije minskje.
En foaral asto geregeld oppasse silst, hasto ek ynfloed op hoe’t dyn pake- of beppesizzer grutbrocht wurdt. Sa kinsto de taalûntwikkeling as mei-opfieder ek in ekstra stimulâns jaan. Troch in soad mei de bern te praten, foar te lêzen en te sjongen soargesto mei foar in rike taalomjouwing en in goede taalbasis. Mar hasto der al wolris by stilstien yn watfoar taal asto dat dwaan silst?
Faak giet it kiezen fan in taal fansels. As dyn pake- of beppesizzer yn in Frysktalige húshâlding opgroeit en do sels ek Frysk bist, sille jimme sûnder mis ek Frysk meimekoar prate. Troch it Nederlânsktalige oanbod fan bûten groeit it berntsje dan as fansels twa- of sels meartalich op. Twa- of meartalich opgroeien hat in soad foardielen. Bern dy’t mei mear as ien taal opgroeie kinne bygelyks earder abstrakt tinke, se hawwe in grutter wurkgeheugen, en de konsintraasje en fokus is faak better, omdat se wend binne om fluch te skeakeljen tusken ferskillende talen. Boppedat binne meartalige bern faak ek taalgefoeliger, se leare der letter makliker noch in taal by. Mar op it earste plak is it fansels foaral gewoan leuk en handich om mear talen te praten!
As de dominante thústaal by it berntsje Nederlânsk is, kin it ek hiel natuerlik fiele om dêr as pake of beppe by oan te sluten. Foaral as it berntsje sels yn it Nederlânsk begjint te praten, fiele de measte pakes en beppes oanstriid om yn it Nederlânsk werom te praten. Mar júst foar bern dy’t it Frysk net in soad hearre, kinne Fryskpratende pakes en beppes der dochs foar soargje dat sy ek mei it Frysk opgroeie. Troch konsekwint yn it Frysk mei dyn bernsbern te praten, soargest derfoar dat hy of sy ek profitearje kin fan de foardielen fan in ekstra taal.
Mear ynformaasje oer de twa-/meartalige ûntwikkeling
Foar beide situaasjes is it hiel belangryk om de minderheidstaal (yn dit gefal it Frysk) ekstra oandacht te jaan en it bern fan de berte ôf oan safolle mooglik mei it Frysk yn oanrekking te bringen. Prate, foarlêze, ferskes sjonge, spultsjes dwaan… As der mar in soad taal brûkt wurdt!
Sjoch op tomke.frl foar Fryske berneferskes, ferhaaltsjes, spultsjes en filmkes
Fan alle aktiviteiten om de taalûntwikkeling te stimulearjen is foarlêzen it effektyfst. Troch meimekoar te lêzen fergruttest de wurdskat fan de bern, lokkest aktyf taalgebrûk út, befoarderest de harkfeardichheid en de konsintraasje en wurdt it taalgefoel op in boartlike wize ûntwikkele. Boppedat stimulearrest troch te lêzen ek de fantasy en de sosjaal-emosjonele feardichheden fan it bern en helpst it mear grip te krijen op de wrâld. Mar it belangrykste is fansels: troch tegearre in boekje te lêzen fersterkest de bân mei dyn bernsbern. Want wat is der no moaier as mei bern fuort te dreamen by in moai ferhaal?
Sjoch hjir foar it oanbod oan Fryske berneboeken
It grutte Pake & Beppe foarlêsboek
Dit prachtige nije foarlêsboek fan Mirjam van Houten bestiet út mear as tweintich foarlêsferhaaltsjes, spesjaal geskikt foar bern fan 2 oant en mei 6 jier.
De ferhaaltsjes binne ek te belústerjen: Hilly Harms, Leny Dykstra, Jan Arendz en Joop Wittermans hawwe de ferhaaltsjes ynsprutsen.
De Pake & Beppe Oppastas!
Spesjaal foar de pakes en beppes dy’t oppasse (sille) is in prachtige ‘oppastas’ te keap, mei dêryn It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek, in kuierbingo, in boekje mei oppastips en oare aardichheidsjes. In moai kadootsje foar oansteande pakes en beppes of as in tankjewol foar al it oppassen!