Zoek op inhoud

Oeps! Blunders mei de baby

Jimme binne krekt heit & mem wurden en dan wolst fansels alles goed dwaan. Mar dat falt net altyd mei as alles noch nij foar dy is. Oeps! Mar gjin noed, begjinnersfoutsjes ha wy allegear wolris makke.

Anna Minkema: ‘Doe’t ús poppe noch mar twa moanne âld wie, gongen wy in dei nei Texel. Ik miende alles ynpakt te hawwen, mar doe’t wy op Texel oankamen en it tiid foar in fleske wie, kaam ik derachter dat ik de flesse fergetten wie. Dat gau nei in winkel om ien te heljen, mar ûndertusken hie de poppe al flink honger en wie dy net mear mei in sobber stil te hâlden. Dêrnei ha ik noait wer de flesse fergetten!’
 
Martine Dijkstra-Hoekstra: ‘Beppe soe ús lytse jonge de flesse jaan, doe’t ik oan it wurk wie. Gelokkich wie ik net lang fuort, want it woe net echt, sei beppe. Wat bliek? De dop siet noch op ‘e speen!’
 
Thea de Boer-Bootsma: ‘It wie july 2018, Niels wie krekt berne en it wie bloedhyt bûten. Wy rûnen yn himd en koarte broek, mar Niels mocht it fansels net kâld krije. Hy hie in romper oan mei in bokspakje deroerhinne. Doe’t de ferloskundige delkaam, hat sy him út syn lijen ferlost.’
 
Ferdinand: ‘De baby lag op de commode. Ik wilde even snel een nieuwe pamper pakken. Ik dacht dat ze wel zou blijven liggen. Dat had ik dus verkeerd gedacht. Boem! Gelukkig had ze niets, maar ik heb haar nooit weer één tel alleen op de commode laten liggen.’
 
Suzanne Postma: ‘Ik had als verse mama geen idee dat er verschillende maten luiers zijn. Toen onze grote kerel na drie maanden steeds vaker begon door te lekken, vond ik dat heel irritant. Tot iemand mij erop attendeerde dat luiers maten hebben en dat maat 1 toch echt “newborn” is en na drie maanden niet meer geschikt.’
 
Ineke Tjepkema-de Boer: ‘Ik bin wolris mei ús soan (1) nei it wurk riden, om’t ik ferjitten wie om him nei de berne-opfang te bringen. Se binne ek sa lekker stil yn ’e auto.’
 
Freek Jan: ‘Ik mocht altyd graach even gek dwaan mei de lytse, fleantúchje en sa. Mar as se krekt dronken hawwe, is dat wat in minder goed idee. Se spuide myn hiele gesicht derûnder.’
 
Femke: ‘Ik soe in foto fan ús tegearre meitsje, om’t se sa leaf tsjin my oan lei yn bêd. Liet ik net myn tillefoan sa op har lytse holtsje falle! Ik ha my noch noait sa skuldich field!’
 
Pytrik de Groot: ‘Doe’t ús Janne in pear moanne âld wie, gongen we in dei te toeren lâns de Iselmar. By Koarnwert moast se molke hawwe, doe kamen wy derachter dat we alles by ús hiene, útsein de flesse fan Janne. Lokkich hat de supermerk yn Makkum flessen te keap. Gau it waarm wetter út de termoskanne deryn mei de molkepoeier. Janne bliid, wy bliid.’ 
 
Wietske van Popta: ‘Wy gongen foar it earst mei ús famke der op út. Se hie thús krekt de flesse hân, dus dy hie ik net meinommen. Wy besleaten om noch even wat te drinken yn in restaurant. Doe begong ús famke dochs wat te jammerjen, se hie sin oan in fleske. Dus ha wy hiel hurd ús kofje opdronken. Doe’t wy wer by de auto kamen, stie de autodoar noch wagewiid iepen. Mar ja, it wie de earste kear.’
 
Elske: ‘Se wie noch mar twa wike doe’t wy op brulloft moasten. Wy hienen har by in oppas brocht, mei fansels in fleske kolve molke. No bliek dat wy de dop net goed op it fleske dien hienen en alle molke yn ’e tas fuortrûn wie. Wylst wy yn tsjerke sieten, hat ús famke by de oppas alles byelkoar raasd fan ‘e honger. Sa sneu!’

Hasto ek ris sa’n ‘oeps-momintsje’ hân mei dyn lytse poppe? Lit it ús witte! Mail it nei ynfo@heitenmem.nl, dan sette wy dyn ferhaaltsje hjir ek by.


 

De Fryske babyboeken top 5!

Veel ouders geloven niet dat het mogelijk is om al aan baby’s voor te lezen en stellen het voorlezen uit tot hun kind twee of drie jaar oud is. Dat is jammer, want in eht eerste jaar ontwikkelt een kind zich snel en leert het veel nieuwe dingen. Uit onderzoek blijkt dat kinderen die als baby (vanaf drie maanden) al worden voorgelezen, het later beter doen op school. Al na vijftien maanden zin er positieve effecten op de woordenschat.

jong mem

Nynke waard mem op har santjinde

‘Ik rekke yn ferwachting doe’t ik sechtjin wie. Fiifenheale moanne lang hie ik neat yn ’e gaten. Doe ’t ik nei de húsdokter gie foar de pil, fertelde ik dat ik al in skoft net ûngesteld west hie. Op ’e fraach oft ik miskien yn ferwachting wêze koe, andere ik mei nee.

Molly, Aukje en Jelmer

Molly de hazze is gek op ferstopperke dwaan… mar Aukje de ûle en Jelmer de foks ha harren in bytsje te goed ferstoppe! Wêr kinne se toch wêze?

3-6 jier

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #10

Yn dit nûmer giet it oer sûn ite yn de kreamwiken, sliepferskes, boarstfiedingstips, geboorte in kaart en noch folle mear!

In protte lêswille tawinske!

Bekijk magazine