Ik til dy noch ien kear
Yn dyn ledikantsje
De grutte wrede wrâld
Makket foar hiel efkes plak
Foar de weemoed fan it memwêzen
Moarn sliepst yn in grut bêd
Fan in poppe bist wurden ta in pjut
Hoe koart liket it noch mar lyn
Datst by ús kaamst?
Dyn earste moannen
Yn de widze leidest
Ticht by mem
Ticht by heit
Doe nei it ledikantsje
Dy earste nacht
Wat wiedest in lyts mantsje
Yn dat grutte bêd
Thea van der Schaaf, mem fan Douwe, 2 (en Arjen, 5)