Zoek op inhoud

Myn dochter (3) kin der net genôch fan krije. Se klikt de app sels op de I-pad oan, siket de plaatsjes op de prachtich gekleurde sykplaten yn in raptempo op en sjongt en dûnset alle ferskes fleurich mei. Ik ha it oer de nije ‘Hantsjes yn ‘e hichte’ app.

Dizze app hat fiif nije en tsien tradisjonele Fryske berneferskes. Tink derby oan ferskes as ‘Holle, skouders, knibbel, tean’, ‘Oaljefantsje yn ‘e bosk’, ‘Flip, flap, flinterke’, ‘Suze nane pope’, en ‘sa giet de mole’. 

De berneferskes wurde songen troch Janneke Brakels mei begelieding op piano troch Cor Bakker. It iene ferske is geskikt foar de alderlytsten, it oare foar de beukers en guon foar de leeftyd dêr tusken yn.

En it moaie fan dizze hiele app is… hy is gratis en fergees te downloaden foar iPad en Android!

Wat foar dyn bern? Download de app dan gau en lit ús hjirûnder witte wat do en dyn bern der fan fine!

 

05_hantsjes_fideo