Hoe seach mem har keammerke der eartiids út?
Wannear kaam ús mem ús heit tsjin? Hoe gong dat?
Wat makket mem gelokkich?
Mei it boekje ‘Mem, fertel‘ joust in unyk kado: dyn belangstelling.
Fansels wolsto alles wol witte fan it libbensferhaal fan dyn mem, de oantinkens, dreamen en winsken.
Troch de aardige en ûnferwachte fragen yn it boekje yn te foljen ûntstiet der in unyk en persoanlik boekwurkje.
Nei dat dyn mem it boekje ynfolle hat jout se it wer oan dy.
Sa is der altyd in bliuwend oantinken.
Wy meitsje te min tiid om echt te praten oer de dingen dy’t belangryk binne. Dit boekje helpt in petear op gong te kommen.
‘Mem, fertel!’…
– is moai lyts en kompakt
– binne boekjes mei romte foar foto’s
– hawwe prachtige yllustraasjes fan Linda de Haan
– no yn de oanbieding! Bestel it boekje no foar mar € 3,75!
Ik hie dit boekje oan ús mem jûn en op ús troudei krige ik it ynfolle wer werom. Wat in prachtich geskink.