Zoek op inhoud

Maaike Dillema: “It boek is skitterjend yn syn ienfâld.”

Resinsje ‘De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder’

Dit boek giet, lykas de titel al ferklapt, oer in (iensume) jongen dy’t efterinoar in mol, in foks en in hynder tsjinkomt. De mol is gek op taartsjes en lit blike dat it net slim is om lyts te wezen, want ek dan kinne je in grut ferskil meitsje. De foks seit net in soad, mar lit just dêrtroch blike dat soms allinne der wêze al genôch wêze kin. It hynder is grut en wiis en soarget foar in soad libbenslessen.

It is in boek fol prachtige, ynspirearjende sitaten wat je net, lykas by alle oare boeken, fan foar nei achter hoege te lêzen (dat beskriuwt Charlie nammentlik yn syn foarwurd). It is faaks better om dat wol te dwaan, om’t der hjir en dêr wol lytse opfolgjende ferhaaltsjes yn it boek ferskûle sitte.

It is dêrneist in boek dat je net yn ien kear út hoege te lêzen, mar wat natuerlik wol kin. Je kinne hieltiten in pear siden lêze wannear’t je ferlet hawwe fan in ‘omtinker’.

It boek is skitterjend yn syn ienfâld. De prachtige yllustraasjes stypje de tekst goed.

Foar in berneboek fyn ik it te swier, al is it neffens de skriuwer in boek foar elkenien. In bern soe neffens de skriuwer sels bepale wannear’t hy deroan ta is om te lêzen om derút te heljen wat er op dat momint tinkt nedich te hawwen. Ek kin it foar bern (en ek foar grutten!) in goeie les wêze om te beseffen dat in tekening net perfekt hoeft te wezen, mar dat sels in ienfâldige skets hiel moai wêze kin.

Dit is in boek wat ik al jierren fan plan wie om oan te skaffen, mar wat der hieltiten noch net fan kaam wie. En no ynienen wie er der yn ’t Frysk en koe it (foar mysels) op gjin better momint komme! As Frysk je memmetaal is, komme de teksten better ta harren rjocht as wannear’t je it yn it Hollânsk of Ingelsk lêze moatte.

It is spitich dat Baukje Wytsma dizze útjefte net mear meimeitsje mocht, mar se hat it boek mei har oersetting seker rjocht oandien. Om har te sitearen: “it is in bysûnder boekje datst wol graach by dy hâlde wolst, ek om’t it sa leaf is, sa moai en sa posityf. Al is it ek in púnheap yn de wrâld (…), de measte minsken wolle wol graach yn goedens leauwe/libje? en dat gefoel wurdt oansprutsen.”

Maaike Dillema út Tytsjerk
Mem fan in pjut en ferpleechkundige yn it sikehûs fan Drachten

De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder, oerset troch Baukje Wytsma, is in prachtich ferhaal fan Charlie Mackesy oer freonskip, leafde en dysels wêze.’

‘Wat wolsto letter wurde ast grut bist?’ frege de mol. ‘Leaf,’ sei de jonge. ‘De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder’, fan Charlie Mackesy is in moderne fabel foar jong en âld. De 100 yllustraasjes en de poëtyske teksten fertelle it ferhaal fan in bysûndere freonskip, tusken de jonge en de trije bisten. De universele lessen dy ‘t se mei-inoar leare binne stik foar stik libbenswiisheden. In prachtige moderne klassiker.