Zoek op inhoud

Lêstip fan Keimpe septimber: Heity! Help!!

Nij ferskynd by de Afûk: 𝐇𝐞𝐢𝐭𝐲! 𝐇𝐞𝐥𝐩!!
In ferhaal fan Thys Wadman, mei yllustraasjes fan Wim Swart.

As Hidde op bêd leit, heart er frjemde lûden. Soe dat in bist wêze? Of miskien in meunster? Hidde wurdt bang en ropt om syn heit om te helpen.

Heity! Help!! is de Lêstip fan Keimpe fan de moanne septimber. Heity moat Hidde helpe, want dy heart in frjemd lûd. Heit sil it bist of it meunster grif wol fange of fuortjeie kinne, toch…?

Sjoch hjirûnder foar noch mear leuke aktiviteiten en tips dy’t passe by dit boek!

Filmke sjen!
Tomke: Stekbisten

Tomke en Romke helje appels ûnder de beam wei. Dy dogge se yn it karke, mar dan komme der allegear stekbisten op harren ôf. Oooh, wat moatte se no..?

Klik op de ôfbylding om de fideo op Youtube te sjen.

Ferske sjonge!

Filmke sjen!
Fratsen: In Bernefanger

Marike har mem hat in protte lêst fan miggen. Pier en Marike sille wol efkes helpe mei it fangen. Mar ja, it komt wer wat oars as de bedoeling wie, fansels…

Klik op de ôfbylding om de fideo op Omrop Fryslân Tsjil te sjen.

Noch mear leuks foar by it boek:
Kleurplaat: wêr dreamt Hidde fan? Tekenje of skriuw yn de dreamwolk wat Hidde dreamt! En in leuk ynfolferhaaltsje oer Jep en de mich. Slagget it dy alle wurden op it goede plak te setten?

Klik op de ôfbylding foar de pdf.
Klik op de ôfbylding foar de pdf.

Boekresinsjes

Dit boek is yn augustus útkaam en der binne noch gjin resinsjes fan.
Liket it dy leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en der wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan foar it Afûk-boekpanel!

Oanmelde kin troch in mailtsje te stjoeren nei ynfo@heitenmem.nl.

Heity! Help!!

As Hidde op bêd leit, heart er frjemde lûden. Soe dat in bist wêze? Of miskien in meunster? Hidde wurdt bang en ropt om syn heit. Dy moat him helpe. Heit sil it bist of it meunster grif wol fange of fuortjeie kinne.
Mar oft dat slagget…?

Heity! Help!! is foar € 14,95 te keap yn de Afûk-winkel yn Ljouwert.

De simmer-lêsbingo fan Keimpe!
Keimpe de Krokodil wol bern graach mear lêze litte. Dêrom hat Keimpe dizze leuke lêsbingo foar jim makke, spesjaal foar de simmer. Besykje op alle mooglike plakken en manieren te lêzen!

Klik op it plaatsje foar de download (PDF).  

Witst dat der ek in prachtige
Keimpe-hânpop-knuffel 
te keap is?


Mear witte oer Keimpe? 
Sjoch op: