Zoek op inhoud

Lêstip fan Keimpe: Omke Ûle sjocht stjerren

‘Omke Ûle sjocht stjerren’ is de lêstip fan Keimpe fan de moanne maart 2024!

Omke Ûle hat in dream: hy wol op romtereis. Mar hy komt net fierder as syn beam. Syn neefke Eppy wit wol ried. Hy bout foar Omke in raket, mar it ding docht net wat omke wol…
Op it momint dat Omke en Eppy it opjaan wolle, komt der help út in ûnferwachte hoeke…!

Omke Ûle sjocht stjerren giet oer freonskip, omgean mei teloarstellingen en it neijeien fan dyn dreamen.

De resinsje fan Maaike: Omke Ule sjocht stjerren

Omke Ûle sjocht stjerren giet oer de oanlûkingskrêft fan de romte, as men jûns nei de himel sjocht. Dat slút goed oan by wat der yn ús húshâlding spilet. Benammen ús âldste jonges binne o sa fassinearre troch de stjerren en al it oare wat je mar sjen kinne yn ’e romte. Ek giet it boek oer de leafde fan in omkesizzer foar syn omke.

De resinsje fan Sita: Omke Ule sjocht stjerren

Pleinpraat #37 – Kinsto it hielal yn?
Omke Ûle wol graach de romte yn, mar kin dat? Is dit ynkoarten mooglik? Hoe dochst dat en wêr moatst dy dan oanmelde? Sjoch hjir nei it filmke fan Pleinpraat (Omrop Fryslân Tsjil) oer reizgjen nei it hielal. 
 

Boeketip! (4-8 jier)

Mear lêze oer de romte? Lês it flapkesboek ‘Hoe is it yn de romte?’
Hoe is it eins yn de romte?
Hoe komst dêr en wêr kinst hinne?
Wat dogge astronauten de hiele dei?
Kinne wy libje op Mars?
Hoe kin ik astronaut wurde?

Dat én noch folle mear kinst lêze yn dit prachtige yllustrearre boek. De antwurden fynst achter de flapkes.

Nifelje: Lansearje dyn eigen raket!
(klik op it plaatsje foar download.)
Puzelje: Hoe komt it romteskip by de planeet?
(klik op it plaatsje foar download.)

Sifertekening
(klik op it plaatsje foar download.)

Opsisferske: Nei de romte
(Klik op it plaatsje foar download.)

Mear witte oer Keimpe? Sjoch op Keimpe.frl!

Wistest dat der ek in prachtige Keimpe-hânpop-knuffel te keap is?