‘Laam, wat bist tûk’ is de lêstip fan Keimpe fan de moanne desimber!
Mees Bok is siik! Hy hat it sop fan in din nedich, mar dat is op! Laam beslút om it op te heljen yn de bosk. Mar dêr leit in berch snie. De freonen geane mei. Soe it se slagje om de beam te finen en op ’e tiid wer thús te kommen?
De groep fan Mees Bok is in prachtige boekesearje foar begjinnende Frysk-lêzers, skreaun troch Lida Dykstra, mei yllustraasjes fan Ina Hallemans.
Der binne fiif boeken yn de rige en dy binne los fan elkoar te lêzen. Earder binne se útbrocht yn it Nederlânsk (De klas van Mees Bok) en dêr is no in Fryske oersetting fan makke.
Yn elts diel fan de rige stiet in oar bistke út de groep fan mees bok sintraal. De dielen binne skreaun op it nivo fan begjinnende Frysk-lêzers. (Ferlykber oan ‘AVI – Start’.) De dielen slute allegearre oan op in seizoen fan it jier, sa is de ynhâld aktueel troch it jier hinne.
‘Laam, wat bist tûk’ past by de winter en is dêrom de Lêstip fan Keimpe fan de moanne desimber!
‘Laam, wat bist tûk’ is foar € 9,99 hjir online te bestellen.
Alle fiif de boekjes út dizze rige, fynst fansels yn de Afûk winkel en websjop!
Skriuwster Lida Dykstra is tige wiis en grutsk dat de boeken der binne en fynt it wichtich dat der ek foar de begjinnende lêzer yn it Frysk goeie materialen binne.
Mei dizze searje is der foar it earst in rige kleurige boeken om it begjinnend lêzen yn it Frysk foarm te jaan.
Ynsjochfilmke!
Lês noch in ferhaaltsje oer de snie
(Klik op it plaatsje foar de download (PDF-bestân).)
Klik hjir foar in ynteraktive sykplaat (spultsje) fan Keimpe de Krokodil oer de winter!
Spoar 8 wurkblêd oer de feestmoanne
(Klik op it plaatsje foar de download: in PDF mei fragen oer dizze sykplaat.)
|
Lêsbingo!
Keimpe de Krokodil wol bern graach mear lêze litte! Dêrom hat Keimpe dizze leuke lêsbingo foar jim makke, spesjaal foar de Kryst.
Besykje op alle mooglike plakken en manieren te lêzen!
Klik op it plaatsje foar de download.
Mear witte oer Keimpe? Sjoch op Keimpe.frl!