De resinsje fan Klaske: Joazefine fiert fakânsje
Wat sit dêr yn de brievebus? In kadootsje! En wat is der no moaier as wannear’t dat kadootsje ek noch op je jierdei yn de bus sit. Joazefine fiert fakânsje, dat komt goed út, want wy fiere ek fakânsje op de pleats.
Joazefine is in ko en se wennet op de pleats. As har freon de postboade mei fakânsje is, begjint it by Joazefine ek te kribeljen. Mar as se al in tiid by de bushalte wachtet en der komt mar gjin bus, dan is se bot teloarsteld. De bern fine it hiel sneu foar Joazefine en betinke al dingen dy’t se dwaan kin yn plak dêrfan. Yn it swimbadsje, in wettergefjocht dwaan, skelterride…
Mar as Joazefine wer nei hûs ta rint, fynt se in geweldich fakânsjeplak. Se wit allinne net dat dat neist de pleats leit… As de oare bisten oer de hage sjogge dat Joazefine oan it luierjen is, binne se suver jaloersk. Mar fakânsje fiere is noch net sa maklik, ûnderfynt Joazefine.
Yn de hingmatte krûpe is in keunst. Sybren, Bauke, Jildou en Hessel binne slop fan laitsjen as se sjogge dat Joazefine rûntsjes draait yn de hingmatte. Dat in fakânsje op de pleats hiel leuk is witte de bern mar al te goed, en ek de oare bisten, dy fine fan alles út om Joazefine wer nei hûs ta te krijen…
Der is ien ding yn de fakânsje op de pleats dat Joazefine net misse kin, mar wat dat is? Lês it boek mar gau. It is in hearlik fakânsjeboek mei prachtige plaatsjes wêryn’t je hieltyd wer nije grapkes fine. Alle bern sille de dingen dy’t Joazefine en de oare bisten dogge ek dwaan wolle. Foar ferfelen is gjin tiid!
Klaske Faassen-Buma (lid fan it Afûk-boekpanel)
Mem fan Sybren (6), Bauke (4) en Hessel (2)
Joazefine fiert fakânsje
De postboade is mei fakânsje en stjoert syn freonen in kaartsje. ‘Fakânsjefiere, dat wol ik ek’, tinkt Joazefine, dus se pakt har tas yn en draaft nei de bushalte. As der nei in pear oeren noch hieltyd gjin bus foarbykommen is, rint se teloarsteld werom rjochting de buorkerij. Mar ûnderweis ûntdekt se flak by hûs in prachtich fakânsjeplakje. Dêr hat se in soad fakânsjewille, mar wat fine se dêr op ‘e buorkerij fan?