Zoek op inhoud

Gelokkich wurde wy ús der hieltyd bewuster fan dat wy bydrage kinne oan in better miljeu, ék ast in lytste poppe hast. Hoe? Dat begjint fansels al mei de baby-útset. Hjir in oantal tips!

Bio-katoen

Hieltyd mear (web)winkels rjochtsje harren op bio-katoen. Doeken, tekkentsjes en klean kinst allegear fan biologysk katoen keapje. Mar wêrom soenen klean fan biologysk katoen better wêze? Om’t minsken dy’t yn de katoenyndustry wurkje in net sûn en gefaarlik libben ha troch de ekstreem folle pesticiden dy’t brûkt wurde. En de lege priis dy’t se derfoar krije liedt ek ta ekstreme earmoede. Fansels hat ek de natoer te lijen fan alle gemikalieën. Biologysk katoen wurdt ferboud mei help fan metoaden en materialen dy’t hast gjin impekt om it miljeu hawwe. Mei it ferbouwen fan bio-katoen wurdt der mear mei de natoer wurke ynstee fan tsjin de natoer.

Femke Kooistra: “Ik krijg veel kleding van mijn kinderen en ik koop ook wel kleding tweedehands. Maar als ik iets nieuws koop, koop ik het zoveel mogelijk eco en fairtrade. Dit doe ik omdat ik het goede voorbeeld wil geven en goed voor onze aarde en de medemens wil zorgen. Het is vaak niet eens (veel) duurder dan kleding die niet gemaakt zijn met zorg voor mens en milieu.

Plestikfrije materialen

In heit en mem ha faak hiel wat plestik yn ’e hûs. Plestik bekers, pantsjes, bestek, sobbers, boartersguod, pispotsjes, rietsjes en gean mar troch. Hoewol’t in protte plestik hieltyd faker recycled wurdt, is it oer it algemien better om in natoerlik alternatyf te brûken dat 100% biologysk ôfbrekber is. Lykas bekers en pantsjes fan bamboe, sobbers fan rubber, boartersguod fan fsc-hout en pispotsjes fan plantaardige restmaterialen fan rys en bamboe. Ek drinkfleskes binne tsjintwurdich fan rvs of fan glês te krijen mei in silikoanenhoes der om hinne foar de feilichheid.

Gerbrich Veer: “Ik ha eins hast gjin plestik yn’e hûs, bewust net. Myn dochter fan 8 moanne hat in speen fan natoerrubber dêr’t se gek op is. It kleurige babyservys fan myn dochter is fan bamboe, dat wie in kreamkado dêr’t ik, doe’t ik yn ferwachting wie spesjaal om frege. Kinst alles by wize fan letter ûnder de grûn stopje.”

Akke Huisman: “Voorheen gebruikte ik altijd wegwerprietjes voor mijn kinderen. Maar sinds we proberen het afval in ons gezin te minderen gebruiken we herbruikbare rietjes. Die zijn echt ideaal!”

chicco-gomotto-fopspeen-latex-0-maanden

Waskbare materialen

Snoetepoetsers, bildoekjes, ruften, swimruften, spuuchdoekjes, slabkes en zoogcompressen, se binne hjoed de dei allegear yn waskbare farianten te krijen. Ja, it kostet wol wetter om se skjin te krijen, mar faak kin it gewoan mei de rest fan de wask mei wasken wurde. It skeelt yn alle gefallen in hiele protte ôffal op jierbasis en se binne minder belestend foar it miljeu.

Hannie Gijlers: “Wasbare luiers zijn voordeliger, beter voor milieu, minder afval en het staat ook nog eens super schattig. Geen gedoe. Poep ligt op een wegwerp velletje. Wasmachine doet de was en op een mooie dag hangt de droogmolen in de tuin vol met vrolijke luiers.”

Grietje De Jong: “Ik gebruik altijd wasbare luiers omdat ik zo het milieu en mijn portemonnee spaar. En natuurlijk omdat mijn kind zo niet in aanraking komt met schadelijke stoffen uit wegwerpluiers. Ik gebruik ook wasbare billendoekjes, heel simpel: gewoon een hydrofiel die even onder de kraan gehouden is.”

Dieuwke Marije de Hoog: “Tijdens mijn zwangerschap heel enthousiast over geworden over wasbare luiers en voor honderden euro’s aan luiers ingeslagen. In de ‘praktijk’ viel het helaas erg tegen! Ze lekten telkens. Dit vonden we erg frustrerend en we hebben ze daarom na een aantal maanden via marktplaats weer verkocht.”

Tiny Aagtjes-Posthumus:  “Wy brûke hydrofiele waskhandsjes ynstee fan ‘snoetepoetsers’ We ha 2 jier lyn op fakânsje snoetepoetsers broekt op de kemping. Nei 2 wike hie ús soan allegear útslach op syn gezicht. Neffens de húsarts in allergyske reaksje op de snoetenpoetsers. Hiel logysk ek. Je smare oars ek gjin parfum ofsa op it gezicht. En seker net rûn de mûle. En wat in milieufersmoarging ek al dy doekjes! In pear waskhandjes ektra yn de waskmasine nimt echt net safolle plak yn.”

Feikje Wagenaar: “Ik zweer bij billendoekjes! Multifunctioneel!”

Marieke Jorritsma: “Ik gebruikte eerst snoetepoetsers, maar tegenwoordig thuis washandjes want mijn dochter kreeg er uitslag van. Voor onderweg vind ik de billendoekjes ideaal.

 

Wist je dat…

  • per kind wegwerpluiers zorgen voor ruim 1000 kilo aan afval?
  • wasbare luiers zorgen voor 2,3x minder CO2-uitstoot dan wegwerpluiers (uitgaande van wassen op max. 60 graden en zonder het gebruik van een droger).
  • servies van bamboe helemaal biologisch afbreekbaar is?
  • biologisch katoen vaak niet eens duurder is dan ‘gewoon’ katoen?
  • natuurrubberen spenen ook 100% biologisch afbreekbaar zijn en geen schadelijke stoffen bevatten?

Ut: De Lytse Heit & Mem 2015 nr. 2