Zoek op inhoud

Hyltje: Sa lêze wy

Hyltje Bosma: “Al sûnt Abe krekt 1 jier wie, lêze wy alle jûnen foar it sliepen gean in ferhaaltsje. Sûnt koarten kin dat lekker op it “grutte bêd” yn syn nije junglekeamer. In momintsje fan rêst en lekker krûpe mei heit of mem. Abe mei sels it ferhaaltsje kieze. Op it stuit binne it boekje fan Tomke en de bijen en it ferhaaltsje fan Dropke en Mintsje út It Grutte Foarlêsboek favoryt.


Abe fynt gekke stimkes hiel leuk en ferhaaltsjes yn dichtfoarm dogge it ek goed. It aldergrappichst is fansels as er syn eigen ferzje fan ’t ferhaal meitsje mei. Sa spilet hy sels graach de haadrol yn de ferhalen. Wy fernimme dat Abe in soad ûnthâldt út de ferhaaltsjes. As hy bygelyks in bij by de blomkes yn de tún sjocht is de link nei Imker Jan fan Tomke gau lein.

Us foarlêstip: wat gekker, wat better. Meitsje der eltse jûn in feestje fan. Gekke stimkes, sjonge, neam mar op. Sa bliuwt it foar heit en mem ek leuk. Wy wikselje ôf mei Fryske en Nederlânske boeken.

Hyltje Bosma
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Tomke en de bijen

Yn Tomke en de bijen is it maitiid. Tomke siket blomkes foar Kornelia. Mar o nee, hy sjocht in bij. Help! Romke wol de bij pakke, mar Kornelia hâldt him tsjin. Se nimt Tomke en Romke mei nei ymker Jan, en dêr sjogge se wat bijen allegear dogge.

De resinsje fan Antje: ‘Tomke en de bijen’

De resinsje fan Tietsje: ‘Tomke en de bijen’

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #2
Bekijk magazine