Helpsto de Afûk om fan Lân fan Taal in grut súkses te meitsjen? Wy sykje ‘edukatyf begelieders’ yn de Taletún en ‘gasthearen en –froulju’ foar it Talepaviljoen.
Yn 2018 wurdt Ljouwert-Fryslân de Kulturele Haadstêd fan Europa. Lân fan taal is dêr in wichtich ûnderdiel fan. Lân fan taal wol nije ûnderfiningen biede yn oare talen en dissiplinen ast faaks wend bist. Lân fan taal jout romte om it belang en it ferskaat fan taal kenne, ûnderfine en benammen fiele te learen.
De Afûk realisearret foar Lân fan taal in Taletún en in Talepaviljoen yn de Prinsetún yn Ljouwert. Wy sykje:
- Edukatyf begelieders Taletún: As edukatyf begelieder ûntfangst skoalgroepen, do joust ynstruksje en ynformaasje en begeliedst groepen troch de tún. Bist oansprekpunt foar dosinten/begelieders en bern, want do witst ommers hoe’t it sit en hoe’t it wurket.
- Gasthearen en –froulju Talepaviljoen: As gasthear of –frou ûntfangst gasten en ynformearrest harren oer de talen yn -, it programma fan – en it idee achter it Talepaviljoen. It giet dus nét om in hoareka-funksje.
Bisto, of kinsto de geskikte kandidaat? Lit it witte! Mear ynformaasje kinst hjir fine.