Zoek op inhoud

Reintsje Miedema is previntyf logopediste by GGD Fryslân en jout advys oer de taalûntwikkeling fan bern oan âlders én oan professionals fan bygelyks it konsultaasjeburo en it (foarskoalsk) ûnderwiis.

Yn petear
Reintsje komt in protte op skoallen en pjutteboartersplakken en praat mei bern, âlders, learkrêften en pjutteliedsters om yn ’t foar al advys te jaan oer de taalûntwikkeling fan de learling. ‘Meastentiids krije wy fan liedsters of learkrêften, as sy soargen hawwe oer bepaalde bern, in berjochtsje oft we ek ris delkomme kinne. Mei dy bern gean ik dan yn de húshoeke of bouhoeke sitten en dan prate wy oer de deistige dingen, we meitsje in puzzel of besjogge in boek. Ik besykje echt mei bern yn petear te gean en djipgeand te praten oer in ûnderwerp dat har oansprekt. As dat trekkers binne, dan wol ik alles witte oer John Deere en Claas, en oer siedzjen en ploegjen! Foar in protte bern is dat ferrassend. In mefrou dy’t trochfreget en fragen stelt dêr’tst oer neitinke moatst. Guon bern moatte eefkes oer de drompel, mar de measten binne wol triggere troch de fragen en de oandacht dy’t sy krije’, fertelt Reintsje.

 

Ik besykje echt mei bern yn petear te gean en djipgeand te praten.

 

‘Wat jonger de bern, wat better wy ynstekke kinne op in passend oanbod foar bern mei in taalprobleem. Dêrom wurde alle bern mei twa jier op it konsultaasjeburo befrege. Neffens de minimum spreknoarmen moatte bern fan twa jier twa-wurd-sintsjes meitsje kinne. 9 fan de 10 bern slagget dat wol. Sûnt in jier krije âlders mei bern dy’t dêr ferlet fan hawwe, it oanbod om mei in professional te sjen hoe’t thús de taal riker makke wurde kin. Of se krije it advys om nei it Audiologysk Sintrum te gean. Gehoar, learfermogen, gedrach, muoite mei kontakt; dat kin allegearre ommers in rol spylje.

Rike taalomjouwing
Wat it riker meitsjen fan de taalomjouwing oangiet: dêr is noch in protte te winnen, neffens Reintsje. ‘Wy soenen graach sjen dat alle bern yn in rike taalomjouwing opgroeie. Dêr kinst oan wurkje troch mei de bern yn petear te gean oer deistige dingen; mar in protte liedsters, heiten en memmen hawwe it drok. Foarlêze en lêskilometers meitsje helpt fansels ek, en it bewust meitsjen fan har taalgebrûk makket ek in wrâld fan ferskil. Der binne safolle mooglikheden om bern nije wurden belibje te litten! Ast bygelyks boadskippen dochste of bern meinimste nei ’t bosk kinst sa’n gelegenheid moai oangripe.’

Ek gemeenten hawwe in rol. Sy moatte ‘voorschoolse en vroegschoolse educatie (VVE)’ oanbiede oan âlders mei bern dy’t in taalachterstân hawwe. Meastentiids bepaalt it konsultaasjeburo oft in bern gebrûk meitsje kin fan VVE. Yn stee fan ien of twa kear gean bern dan trije of fjouwer kear yn ‘e wike nei de opfang, dêr’t sy op boartlike wize mei taal oan ‘e gong gean. Tomke is in bekend foarskoalsk programma foar bern mei Frysk as fiertaal, oaren wurkje mei bygelyks Piramide, in Nederlânsktalige metoade.

Heeft Jos ’n Tos?
‘Heeft Jos ’n Tos?’ is de titel fan in kampanje fan Kentalis om de doelgroep te ynformearjen oer in ‘TaalOntwikkelingsStoornis’, koartwei in ‘Tos’.
In taalûntwikkelingsstoarnis hat te krijen mei neurologyske prosessen yn ‘e holle en giet dus ek net wer oer. ‘As in bern mei taal achterop rint en dat leit net oan te min taaloanbod of oare problemen, dan kin soks wize op in Tos; mar by jonge bern is it faak net fuort dúdlik wêr’t it krekt fan komt. It brein fan minsken mei in Tos kin taal minder goed ferwurkje. As der wat mei in bern oan ’e hân is, wurde de âlders dêr fuort by behelle. Wy sille advisearje om te ûndersykjen oft it gehoar goed is, oft der mei it learen en it geheugen neat mis is en oft it berntsje wat gedrach en belibbing oangiet yn oarder is. Ferfolgens gean ik mei âlders yn petear en wiis har op de mooglikheden fan bygelyks logopedy. Want kinst de mooglikheden wol optimalisearje’, fertelt Reinskje

 

Wa seit datsto alle talen sûnder flaters prate kinne moatst?

 

Hat meartaligens ynfloed op in taalachterstân?
In protte húshâldingen yn Fryslân binne meartalich. Frysk en Nederlânsk en/of noch in bûtenlânske taal derby. Hat meartaligens ynfloed op in taalachterstân? ‘Nee, dat leau ik net’, seit Reintsje Miedema, ‘mar in rike taalomjouwing yn de ferskillende talen is dan wol winsklik. Literatuer dêroer jout dat ek oan. In taalûntwikkelingsstoarnis hasto ommers yn alle talen dy’tsto brûkst.
As in bern yn in meartalige situaasje libbet, moat hy dêr ek diel fan útmeitsje kinne. Asto in bern dan ientalich grutbringst, betsjut dat yn de praktyk dat er him bûtensluten fielt yn in oare rûnte dêr’t er ek yn thúsheart, bygelyks by pake of beppe, of by de famylje fan heit of mem. Taal is kommunikaasje, mar ek dy ergens thúsfiele en dus ek: identiteit. En wa seit datsto alle talen sûnder flaters prate kinne moatst?’

 

Troch: Ciska Noordmans

Út: heit&mem nr. 2 2017