Zoek op inhoud

Genietsje yn in babyspa

Sparkle Baby Spa leit yn it hert fan Frjentsjer, mar sa gau ast oer de drompel bist, sakket der in ûntspannende kalmte oer dy hinne. De romte is ynrjochte mei kalme toanen en safolle mooglik natuerlike materialen. Der is rêstige muzyk en it rûkt krekt sa’tst ferwachtest yn in wellness-omjouwing: fris swiet mei in hint fan krûden.

‘Ontspanning, daar draait het om’, glimket Lois Jaspers (28), eigener en franchisee fan dizze lokaasje. ‘Als ouders en kinderen ontspannen, hebben de babymassage en het floaten maximaal effect.’

babyspa

In gemiddelde sesje by Sparkle Baby Spa duorret in oere. It begjint mei in gesprek. Om in bytsje mei-inoar yn ’e kunde te kommen en om út te lizzen wat der barre sil. Dan wurdt de poppe massearre. Om’t de ferbining tusken âlders en bern sintraal stiet, lit Lois op in plestik pop sjen hoe’t in poppe it bêste massearre wurde kin. De âlden wurde dan stimulearre om dat te imitearjen. Nei de massaazje begjint it floaten.

 

It giet ús om yntimiteit en ferbining

Gewichtleazens
‘Het is belangrijk dat ouders en kind van elkaar genieten’, leit Lois út. ‘Door massage maak je op een fijne manier contact met elkaar. Voor baby’s zijn aanrakingen en aandacht eerste levensbehoeften.’

It aaien fan in poppe is altyd goed, mar Lois hat foar optimale resultaten in spesjale babymassaazjekursus dien. De oalje dy’t brûkt wurdt, is sêft en hûndert prosint natuerlik. It wetter yn ‘e baden is ek sêft en suver. Fansels wurdt it nei elke sesje fernijd.

It Sparkle Baby Spa-bad hat tafoege wearde boppe in normaal babybad of in tummytub. It is ekstra djip en it bern kin him der hielendal frij yn bewege, sadat it in steat fan gewichtleazens belibbet. De holle wurdt mei in opblaasber kessen boppe wetter holden. It sjocht der in bytsje ûngemaklik út, mar dat is it hielendal net.

Skurtegefoel
‘Wij noemen dit floaten,’ seit Lois, ‘en het effect is een baarmoedergevoel. Soms vallen baby’s zelfs in slaap.’

It liket wol oft de poppe net folle docht, mar der bart in soad mei de spieren en yn it lichem. De ynspanning fergruttet bygelyks de longkapasiteit en de lytse darm wurdt stimulearre troch de tsjindruk fan it wetter. Dat kin helpe by konstipaasje of kolyk.

Floating soe ek in geunstich effekt hawwe op prematuere poppen, en poppen dy’t lêst hawwe fan refluks of sliepproblemen.

‘Soms gaat een sessie niet zoals je zou willen en huilt de baby veel’, fertelt Lois. ‘Dan is hij of zij te moe. Mensen mogen dan, op mijn kosten, op een ander tijdstip terugkomen. De volgende keer blijkt het dan altijd beter te gaan.’

In floating-sesje duorret maksimaal tweintich minuten, mar meastentiids binne tsien oant fyftjin minuten genôch. Je fernimme it wol oan in poppe as it genôch is.

‘Er wordt niets geforceerd’, fersekeret Lois.

 

Yntimiteit
De earste bernespa yn Nederlân iepene fiif jier lyn de doarren. Lois har Sparkle Baby Spa bestiet sûnt ferline jier. It wie de earste yn Fryslân. Mar it konsept is sa populêr dat der no ek op oare plakken ferlykbere foarsjenningen komme.

Dêrom fynt Lois it wichtich om har fierder te ûnderskieden en stiet der in ferbouwing op ’e planning. Der komt in floatbad foar folwoeksenen, spesjaal foar swiere froulju, en romte foar swangerskipsmassaazjes en fuotbaden.

Lois is begien op de privacy yn har spa. Yn konkrete termen betsjut dat: ien famylje tagelyk. De term famylje wurdt breed ynterpretearre. Ek freonen, susters, pake en beppe en al sa mear binne wolkom, soms mei twa poppen, mar gjinien sil konfrontearre wurde mei frjemden.

‘Het gaat ons immers om intimiteit en verbinding’, beklammet Lois wer. ‘Daarbij wil je niet gestoord worden.’

Rêst
Lois wurket nau gear mei de Sparkle-tûke yn Grins. Dy hat kontakt mei dokters opnommen om yn ’e takomst de medyske foardielen fan in babyspa op in ferantwurde wize brûke te kinnen.

‘Maar de spa is niet alleen goed voor baby’s’, rûnet Lois ôf. ‘Ook voor de ouders is het erg fijn. Zelfs als er helemaal niets met hun baby aan de hand is. Ze moeten vaak nog wennen aan hun nieuwe situatie en dat kan zwaar zijn. Kersverse moeders hebben meestal last van hormoonschommelingen en vermoeidheid. Vaders voelen zich misschien onzeker en hebben het druk. Dan is het toch heerlijk om in een beschermde omgeving even de tijd te nemen, van elkaar te genieten en tot rust te komen?!’

Tekst: Janna van der Meer
Foto: Hippe Kiek fotografie

Gezond eten tijdens de kraamweken

At je krekt in poppe krigen hawwe, dan ha je it drok. Drok mei de soarch foar de lytse en it finen fan in ritme, mar dêrneist sliepe je faak net safolle troch de brutsen nachten en dat makket dat je wjerstân yn dy tiid in stik leger is. Dêrby komt dat dyn lichem ek opknappe moat fan in flinke oanslach: in swangerskip en befalling!

Hypnobirthing is net sweverich

Rinske en Ytzen van der Meij fan Aldebiltsyl woene graach in broerke of suske foar harren soan Reinder. Mar Rinske har earste befalling hie sa dreech west dat se bang wurden wie om dat wer mei te meitsjen. Troch de kursus HypnoBirthing krige se it fertrouwen werom.
 

Myn Poppeboek

Yn dit Witst wol hoe mâl ik mei dy bin? – poppeboek kinst allegear oantinkens kwyt oan de earste jierren fan dyn poppe… Mei romte foar dyn eigen foto’s, notysjes, gedachten en emoasjes en spesjale sluven foar bygelyks it bertekaartsje en in hierlokje. In prachtich oantinken foar letter.


 

 

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #10
Bekijk magazine