Zoek op inhoud

De measte lesbrieven binne makke foar de ‘Nationale Voorleesdagen’, dy’t jierliks yn jannewaris plakfine. Yn dy lesbrieven fynst in Fryske oersetting fan it Nederlânske printeboek fan dat jier. 

Klik op it plaatsje foar de pdf.

Lekker foarlêze!

Wat in rommel!

In eksterpear bout in nêst foar harren prachtige aaikes. Al gau miene se dat in gewoan nêst net goed genôch is en se komme mei fan alles en noch wat oansetten, it spul wurdt hoe langer hoe grutter, sels in auto wurdt nei it nêst tôge, oant…In hearlik printeboek oer wat tefolle rommel docht…

Ik moat sa noadich!

Eva sil mei har mem en lytse broerke nei de merk. Mar o jee, as se dêr noch mar krekt binne, moat Eva nei de wc. Fluch, ik moat sa noadich!

Maximiliaan Modderman jout in feestje (2023)

Maximiliaan Modderman is allinnich thús en organisearret in feest foar syn boartersguodbisten.
Mei taart!
It wurdt in wyld feest.
En in fiis feest.
Wat sille ús mem en ús heit sizze as se thúskomme?

Mar earst fong ik in meunster (2022)

Elke âlder werkent it: gau efkes ynstopje, okee dan noch efkes in ferhaaltsje, mar koart … en dan begjint it.
Dit printeboek is net allinnich om foar te lêzen.
Ek as gearlêsboek is it in feest: it mei-inoar boartsjen tusken de hastige folwoeksene en it bern dat him of har útlokt noch fierder te fertellen, sil in soad fleurichheid opsmite. Tjibbe Veldkamp skreau in ferhaal dat nea út is. In oade oan de fantasy en de betsjoenende krêft fan ferhalen: it ideale boek foar elk bern dat nea genôch foarlêzen wurde kin.

2022Elke âlder werkent it: gau efkes ynstopje, okee dan noch efkes in ferhaaltsje, mar koart … en dan begjint it.
Dit printeboek is net allinnich om foar te lêzen.
Ek as gearlêsboek is it in feest: it mei-inoar boartsjen tusken de hastige folwoeksene en it bern dat him of har útlokt noch fierder te fertellen, sil in soad fleurichheid opsmite.
Tjibbe Veldkamp skreau in ferhaal dat nea út is.
In oade oan de fantasy en de betsjoenende krêft fan ferhalen: it ideale boek foar elk bern dat nea genôch foarlêzen wurde kin.
2021Koko kin it!Hjoed is in bysûndere dei.
Alle babyfûgels sille foar it earst fleane.
Allinne Koko doart net.
Wat as se falt?
Of as de kat har grypt?
Mar as it wól slagget, kin se mei har freontsjes moaie foarmen fleane.
Is Koko klear om de wjukken út te slaan?
2020ProtteleinIn prottelboek om fleurich fan te wurden!
Eend is prottelich.
Har fiver is opdrûge en der is gjinien dy ’t mei har spylje wol.
Alteast… ~~~ Dat fynt sy.
Want se wol net gatten grave mei hûn.
Net mei Varken yn de modderpoel.
Net kraaie mei Haan.
Net soeze mei Schildpad.
Net in lekker hapke ite mei Geit.
Dus…
NIEMAND wol mei har boartsje.
En dan wurdt se ek noch achterfolge troch in griis wolkje dat boppe de holle hieltyd tsjusterder en grutter wurdt.
Watfoar wolk wie dit?
Wie it in SOMBERwolk?
Wie it in TREURwolk?
Of soe it… wie it… in MOPPERENDwolk?
Soe er altyd de sinne fertsjusterje?
Koe er BARSTEN?
En mei it barsten fan ‘e wolk komt alles goed yn dit ferhaal, dêr ’t je sûnder mis by laitsje.
( Of it wurdt ek tiid foar in wolkbreuk boppe de holle! )
2019In hûs foar HarryHarry is altyd yn ‘e hûs. Oant Yfke freget om tikkerke te dwaan. Hy draaft achter har oan en rekket it paad kwyt. Hoe komt er no wer thús?
2018Ssst! Tiger slieptSsst!
De tiger sliept en we wolle har net wekker meitsje.
Der is allinnich in probleem: alle bisten moatte der del en se leit freeslik yn it paad.
Hoe sille se dat oplosse?
Gelokkich hat de tûke kikkert in idee: alle bisten sweve ien foar ien mei in ballon oer de tiger hinne.
2017De Lytse WalfiskBoi wennet mei syn heit en seis katten yn in lyts fiskershúske. Op in moarn fynt er in lytse walfisk dy’t op it strân oanspield is. Dat is it begjin fan in bysûndere freonskip…