Wy ha de moaiste Fryske memmedeigedichtsjes foar jim sammele. Ha jimme noch oanfollingen? Mail it nei ynfo@heitenmem.nl!
Mem is moai, mem is grappich,
mem past altyd goed op my.
Mem makket myn iten, wasket myn klean
alle dagen wer opnij.
Mem is leuk, mem is geweldich,
mem is de leafste fan de wrâld.
Ik leau net dat der in oare mem is
dêr’t ik safolle fan hâld.
Dieuwke van der Meer
Leave mem,
wol mem ris komme?
Mei de holle hiel tichtby?
Dan krijt mem in tútsje
en in dikke krûp fan my.
Der binne in protte memmen
en dêr sitte wier ek leave by,
mar de alderleukste mem
dy is dochs echt fan my.
Dieuwke van der Meer
Memmy, sjemmy, koekepemmy
memmy, pemmy, pom.
Mem krijt hjoed in kadootsje,
wit mem wol wêrom?
Dat hat mem fertsjinne,
want mem is altyd leaf foar my.
In kadootsje en in krûpke,
want it is memmypemmydei!
Dieuwke van der Meer
Hoi leave mem fan my,
foar my is it elke dei
memmedei!
Ik ha in geheim, sst sst.
Ik stopje myn pakje wei.
Ik ha in geheim, sst, sst,
foar memmedei, sst sst.
Ik jou in kado oan mem.
’t Komt ûnder myn bedsje wei.
Ik jou in kado oan mem,
foar memmedei.
By it lêste kûplet kin ta beslút ‘asjeblyft’ roppen wurde ynstee fan ‘sst, sst’.
Dit ferske komt út it Tomke jierboek.
In kadootsje, in kadootsje krijt mem fan my.
Want it is hjoed, want it is hjoed memmedei.
In kadootsje, in kadootsje en in tút.
Pak it pakje, pak it pakje no mar út!
(tekst en muzyk: Hindrik van der Meer)
Dit ferske is te hearen
op de cd Deuntsjes foar dy 2.
Leave mem, wekker wurde
hjoed wurdt ús mem bedoarn!
Bliuw noch mar waarm ûnder de tekkens
de kofje komt deroan.
Aanst smar ik in stikje bôle,
lekker mei wat sjem.
Mar no earst hjir in kadootsje,
foar de allerleafste mem.
Dieuwke van der Meer
Leave mem,
hjirby in kado
dat ik sels makke ha.
Om it kado
sa moai te krijen
dat foel echt wier net ta.
Leave mem,
pak it kadootsje
no mar hiel gau út.
Dan krijt ús mem
ek fan my
in hiele dikke tút!
Dieuwke van der Meer
Bim bam bem,
wekker wurde mem!
Bim bam bo,
ik ha in moai kado!
Bim bam bei,
spesjaal foar memmedei.
Bim bam bis,
omdat ús mem de leafste is!
Dieuwke van der Meer
Ik hoech echt gjin kado’s, myn skat,
mar inkeld wat tiid mei dy.
Want it moaiste kado
krige ik mei dyn berte:
do joechst my memmedei.
Dieuwke v.d. Meer
Dit gedichtsje is foar dy
hjoed op dizze memmedei.
Meist witte hoefolle ik fan dy hâld,
bist de leafste fan de wrâld.
Bin ik bang of sit ik yn noed,
in tútsje fan mem makket alles wer goed.
Net mear fertrietlik of mankelyk,
ik fiel my wer de kening te ryk.
By mem bin ik feilich, mem jout my treast,
ja fan mem hâld ik it aldermeast.
Fetsje van der Meer
Memmymem
Ierdbeisjem
Reade roas
Einekroas
Famke, jonge
Ferske sjonge
Dikke tút
Op ’e snút
Kom der by
Ik hâld fan dy
Fetsje van der Meer

Dizze kaart mei memmedeigedicht is te bestellen fia de websjop fan de Afûk.

Kraaltsjes foar mem
‘Wat hast hjoed dien op skoalle Maaike?’ ‘Ik ha kraaltsjes rige’, seit se entûsjast. Mar dan sjoch ik ynienen in skrik yn har eagen. Se slacht de hân foar de mûle. ‘Oeps’, seit se. ‘Dat mocht ik dochs wol sizze? freget se besoarge.’ ‘Ja hear’, sis ik, ‘ik wit ommers noch net hoe’t it krekt wurdt!’ ‘Oh nee, seit se ferromme.’