Wy ha de moaiste Fryske heitedeigedichtsjes foar jim sammele. Ha jimme noch oanfollings? Wy hearre it graach! / We hebben de mooiste Friese gedichtjes voor vaderdag voor jullie verzameld. Hebben jullie nog aanvullingen? Laat het ons weten!
Friese gedichtjes voor vaderdag
Leave heit,
wol heit ris komme
mei de holle hiel tichtby?
Dan krijt heit in tútsje
en in dikke krûp fan my.
Der binne in protte heiten
en der sitte wier ek leave by
mar de alderleukste heit
dy is dochs echt fan my.
Dieuwke van der Meer
*
Myn heity is hiel grappich,
in bytsje gek, in bytsje bryk.
Myn heity is hiel sterk,
hiel bysûnder en unyk.
Myn heity past
hiel goed op my
omdat hy fan my hâldt.
Myn heit is geweldich
en de leafste fan de wrâld!
Dieuwke van der Meer
Boppesteand gedichtsje is der ek op in kaartsje te krijen. Dizze kaart is foar mar 1 euro te bestellen!
*
Ik ha in geheim, sst sst.
Ik stopje myn pakje wei.
Ik ha in geheim, sst, sst,
foar heitedei, sst sst.
Ik jou in kado oan heit.
’t Komt ûnder myn bedsje wei.
Ik jou in kado oan heit,
foar heitedei.
By it lêste kûplet kin ta beslút ‘asjeblyft’ roppen wurde ynstee fan ‘sst, sst’.
Dit ferske komt út it Tomke jierboek.
*
Hoi leave heit fan my,
foar my is it eltse dei
heitedei!
*
In kadootsje, in kadootsje krijt heit fan my.
Want it is hjoed, want it is hjoed heitedei.
In kadootsje, in kadootsje en in tút.
Pak it pakje, pak it pakje no mar út!
(tekst en muzyk: Hindrik van der Meer)
Dit ferske is te hearen op de cd Deuntsjes foar dy 2
*
Leave heit, wekker wurde
hjoed wurdt ús heit bedoarn!
Bliuw noch mar waarm ûnder de tekkens
de kofje komt der oan.
Aanst smar ik in stikje bôle,
lekker mei wat fleis.
Mar no earst hjir in kadootsje,
foar de allerleafste heit.
Dieuwke van der Meer
*
Leave heit,
hjirby in kado
dat ik sels makke ha.
Om it kado
sa moai te krijen
dat foel alhiel net ta.
Leave heit,
pak it kadootsje
no mar hiel gau út.
Dan krijt ús heit
ek fan my
in hiele dikke tút!
Dieuwke van der Meer
*
Bim bam beit,
wekker wurde heit!
Bim bam bo,
ik ha in moai kado!
Bim bam bei,
spesjaal foar heitedei.
Bim bam bis,
omdat ús heit de leafste is!
Dieuwke van der Meer
*
Us heity is de sterkste
en yt it meast fan elkenien
Hy fangt de grutste fisken,
hat alle inge dingen dien
Boeven, meunsters, draken;
ús heit ferslacht se allegear.
Ja, echt wie, ús heity
is de alderbêste, hear!
Wytske Bouwma
Boeketip!
Watfoar boartersguod hie heit?
Wa wie heit syn earste freondinne en wat makket heit gelokkich?
In boekje fol fragen foar heit en in moai oantinken foar de bern.
Ek romte foar foto’s!
5 tips voor de ideale vaderdag / heitedei
Binnenkort is het weer zover. Vaderdag! En natuurlijk weten we allemaal wel dat het bij vaderdag eigenlijk niet draait om commercie en om de cadeaus. Maar vaderdag draait om aandacht, liefde en dankbaarheid. Maar hoe doe je dat dan? Heit&Mem geeft 5 vaderdagtips.