Zoek op inhoud

Rinskje Braaksma is juf fan groep 5 opde OBS Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden. De skoalle is krekt wer sertifisearre as trijetalige skoalle. Juf Rinskje stiet op trije dagen foar de klasse, mar is op de oare dagen ek oan it wurk. ‘Dan wurkje ik “boppeskoalsk” om it meartalich ûnderwiis binnen Roobol noch better op de kaart te setten.’ 

Yn 2030 moat it Frysk op alle skoallen fan in goed nivo wêze, dat stiet yn it Taalplan Frysk 2030. Braaksma en har kollega’s dogge dêr al in pear jier in bêste skep boppe-op: harren ûnderwiis is folslein trijetalich: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. ‘Wy wurkje yn tema’s foar in oantal fakken en ferbine dêr ek doelen oan foar de talen. Foarhinne seinen bern wolris: “Ha we no Fryske les? Dêr ha ik gjin nocht oan.” No ha de bern net iens yn ’e gaten dat se in oare taal brûke: it is foar harren gewoan om yn meardere talen te learen. It hat folle mear funksje krigen en dat makket it folle nofliker.’ 


Grutsk

Bern yn groep 1 brûke soms alle trije talen trochinoar, fertelt Rinskje. ‘Dat is hielendal net slim: harren brein is fleksibel en yn ûntwikkeling. Oer in pear jier falt alles fansels teplak. Ast der mar mei trochgiest.’ En dat dogge se op dizze skoalle yn Feanwâlden. ‘Wy fine dat it Frysk nea ûndersnije mei: wy meie grutsk wêze op ús kultureel erfgoed. Wy ha in entûsjast team dat der alle dagen fol fjoer foar giet, wy oerlizze in soad en riede de tema’s mei-inoar ta.’

By Roobol fine se trijetalich ûnderwiis hiel wichtich. Rinskje krijt tiid en romte om oare Roobol-skoallen te helpen om ek trijetalige skoalle te wurden. ‘Ik help teams op wei en ik tink mei oer harren fraachstikken. Ek oare skoallen ha belangstelling, sy komme bygelyks fanút Cedin by ús telâne. Wy litte se graach sjen wat we hjir dogge. Wy sjogge dat it wurket oan hoe’t ús bern mei taal omgeane. Dat is prachtich om te sjen en te hearren!’

Deiritmekaartsjes
De skoalle wurket ek mei deiritmekaartsjes yn de trije talen. ‘Doe’t ik nei de simmer yn groep 5 de Nederlânske kaartsjes foar alle wissichheid neist de Fryske kaartsjes ophong, seinen de bern: “Dat hoecht net juf, wy snappe it wol!” Dy kaartsjes makket Rinskje tegearre mei Suzanne Seepma, juf op CBS De Oanrin yn Twizel. ‘Wy besykje tegearre learkrêften te ynspirearjen. Meartalich ûnderwiis is net lestich: lytse oanpassingen dogge al in soad!’ Rinskje en Suzanne binne tegearre aktyf op Instagram: @defryskejuf

Tekst: Tine van Knijff-van Hijum
Foto: Hippe Kiek Fotografie


 

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #3

Yn dit nûmer giet it oer fjouwer generaasjes fan it selde geslacht, in prachtige bernekeamer, machtige foto’s fan bern dy’t wat útfretten ha, moaie boeketips, in artikel oer angst foar de befalling, Willeke Dikland oer hoe’t it is om al betiid yn de oergong te sitten en in artikel oer bern dy’t net goed sliepe kinne.

In protte lêswille tawinske!

Bekijk magazine