Ik ha fiif hiele leave pakesizzers. Lieuwe Siebe is de twadde pakesizzer en nei my ferneamd. It is de soan fan myn soan Siebe Lieuwe. De namme sit al fan de 18e iuw ôf by ús yn de famylje.
De âldste soan fan de stamhâlder kriget de namme yn de famylje. It giet altyd om en om. Lieuwe Siebe en dan wer Siebe Lieuwe. Mar ús heit en mem ha der net foar keazen om Siebe efter myn namme oan te dwaan. Dat fûn ik wol hiel spitich, dus ha ik dy namme der sels efteroan setten. Ek omdat it wol hiel praktysk wie. Want der binne in soad minsken dy’t Lieuwe Greidanus hjitte en dêrneist hjit ús dochter Laura. En twa minsken yn ien húshâlden dy’t L. Greidanus hjitte is hiel ûnpraktysk. Ik iepene gauris har bankôfskriften.
Ik fyn Lieuwe in moaie namme. In echte Fryske namme. It wurdt meastentiids wol goed skreaun. Foar minsken bûten Fryslân sis ik meastal datst de namme as ‘Nieuwe’ skriuwst, mar dat se yn stee fan de N in L sette moatte. Dan giet it altyd goed.
Lytse Lieuwe wennet mar sa’n 200 meter fan my ôf. Ik sjoch Lieuwe hast alle dagen. Se komme altyd wol efkes del at se in blokje om gean. Lieuwe slacht faak by my om, want alles wat ik doch fynt er moai. Hy docht alles nei en stelt altyd de hiele dei troch fragen. Sit ik yn de heftrúk, dan wol er by my op skoat. Lis ik ûnder in auto, dan giet er neist my lizzen. Wy hawwe in loads mei û.o. frachtauto’s en trekkers en dat fynt er prachtich. Wy hawwe hjir in lyts overaltsje foar him, oars komt er altyd thús mei de klean ûnder it fet. Ek hat er, lykas pake, de skerjonklompkes altyd oan. Lieuwe is in blier jonkje, altyd yn beweging en hy hat altyd wol wat by de ein. Wy kinne it hiel goed fine tegearre.
Tekst: Dieuwke van der Meer
Foto: Hippe Kiek Fotografie
Namme:
Lieuwe Siebe Greidanus
Berne op: 24 maaie 1961
Wennet yn: Wjelsryp
Namme pakesizzer:
Lieuwe Siebe Greidanus
Berne op: 20 oktober 2014
Wennet yn: Wjelsryp
Betsjutting Lieuwe: beskermer fan it folk
Betsjutting Siebe: sege, oerwinning
Ferneamd: Baukje & Baukje
Baukje hie har beppe al even frege wat sy oandwaan soe op de foto foar dizze heit&mem, en omdat dêr wat griens yn siet, hie se har eigen jurk dêr moai op ôfstimd.
Ferneamd: Jille
Jille Bremer: “Ik bin ferneamd nei myn pake Jille Bremer. Doe’t ik in lyts jonkje wie, wie der hast gjinien mei de namme Jille. It wiene allegear Jelles of Jilts, mar gjinien hjitte Jille. Ik fyn it sels in moaie namme en stikem hope ik fansels dat ik ferneamd wurde soe. Mar dat der mar leafst trije Jilles by komme soenen as pakesizzer hie ‘k net tinke doard.